Bumastate (Westergeast)
Bumastate wie in state yn Westergeast. It ûntstean is ûnbekend, der is ek neat mear fan werom te finen.
De Kollumerlânske haadlingefamylje Buma hie in stienhûs op Wygeast: Bumastins) en meardere staten ûnder Westergeast. Tagelyk mei oare Westergeaster hearskippen, lykas de bern Idema en Ouwe Algersma op De Triemen, hâlde Sye Bouwema him yn 1467 bûten it ferbûn fan Kollumerlân mei de stêd Grins. Opfallend is dat "rechters en gemene meente" fan Westergeast wol meidienen, hoewol't de by de besegeling net oer harren segels beskikke koenen.
Sye Buma (as Bouwema, Buwema, Buwinga) wie yn 1504 al ferstoarn. Hy hie 1 mêd yn de Suderbilderen oan de pastoar neilitten; syn widdo Edske Buwinga ferkocht mei har soannen Hid en Balling 1 mêd derneist oan it konvint fan Feankleaster. De soan Balling Buma hie yn 1543 grûn yn Westergeast, Aldwâld en Twizel. Nei alle gedachten hie Balling twa soannen: Sye en Wyger. Fan Sye Buma waard yn 1543 sein dat hy op't Ffeen wenne. Yn 1546 en 1550 wie hy tsjerkefâd yn Westergeast. Hy troude mei Anna Bauma, dy't nei syn dea yn 1551 wertroude mei Heere Doeckes Wiarda, olderman yn Snits. Erfgenamt fan Sye Buma, dy't sels gjin bern hie, wie syn omkesizzer Popcke Wygers Buma yn Akkrum. Boppedat hold ek syn frou Anna rjochten yn Westergeast. Sa wenne hja yn 1566 mei har twadde man yn Westergeast; yn 1580 brûkte se "kerkeland in dye Bylderen in Sie Ballinx heert". Yn 1632 ferkocht Anna Bauma har dochter Sytke Wiarda Bumaheert te Westergeest - wêroer hjirûnder mear - oan Hessel fan Sminia yn Akkrum, as foud oer syn omkesizzer jonge Wyger fan Buma. In ferkeap binnen de parenteel Buma dus.
Balling syn oare soan wie Wyger Ballings Buma, troud mei Hylck Harckema. Yn 1578 troude harren soan Popcke fan Buma mei Aeth fan Andringa te Akkrum, dêr't se har ek ta wenjen setten. Harren dochter Fock fan Buma troude mei Hessel fan Sminia, dy't yn 1632 de foud fan jonge Wyger fan Buma wie. Troch it houlik fan jonge Wyger syn dochter kamen de goederen en ek de Bumagrêven yn de tsjerke oan de famylje (Fan) Hanecrooth.
Ek letter waarden goederen fan de Westergeaster Buma's faker binnen de family en bytiden ek dêrbûten ferkocht. Se leinen yn it doarp Westergeest, mar ek op de Triemen en "op het Veen". Omdat de krektere plakoantsjutting soms ûntbrekt, binne de goederen net altiten like maklik út elkoar te hâlden. Boppedat wurde se allegear as Buma-sate, -state en -heerd oantsjutten, en binne ek de famyljebannen yn de 16e iuw net hielendal dúdlik. De detaillearre eigendomsskiednis en krekte lokaasje fan dy huzen moatte dan ek neier undersocht wurde. Twa konsintraasjes fan besit kinne lykwols oanwiisd wurde: ién op de Triemen en ién oan de noardside fan it doarp. Ek oer de rjochten fan de Buma's mear súdlik, op Sweagerfean, kin in hypoteze opsteld wurde. Yn hoefier't der fan stinzen sprutsen wurde kin, of fan gewoane pleatsen, is ûndúdlik. Wòl wennen yn de 16e en 17e iuw op alle trije de plakken in skoft Buma's.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|