Bye Bye Beautiful

Bye Bye Beautiful is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nightwish tusken septimber 2006 en maart 2007 en útbrocht op it album Dark Passion Play fan Nightwish út 2007. Bye Bye Beautiful wie it twadde nûmer op it album en waard op 15 febrewaris 2008 útbrocht as tredde single fan it album.

Bye Bye Beautiful
algemiene ynformaasje
B-kant The Poet and the Pendulum
artyst Nightwish
album Dark Passion Play
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 15 febrewaris 2008
opnommen septimber 2006 - maart 2007
doer 4:14
label Spinefarm
skriuwer Tuomas Holopainen
produsint Tero Kinnunen
fideoclip
Nightwish - Bye Bye Beautiful (OFFICIAL VIDEO)

Oer it nûmer

bewurkje seksje

Bye Bye Beautiful is skreaun troch Tuomas Holopainen. It liet giet oer de eardere sjongeres fan de band, Tarja Turunen, dy't yn oktober 2005 mei in iepen brief troch de band ûntslein waard, en syn gefoelens foar en nei de tiid dat se har hâlding tsjinoer de band en har muzyk feroare. Der wiene al geroften ûnder fans dy't letter befêstige waarden troch Holopainen yn in ynterview. It refrein befettet de tekst "Hasto ea lêzen wat ik dy skreau? Hasto ea harke nei wat we spilen?" wêryn't it earste part in ferwizing is nei de teksten fan Holopainen en it twadde part giet oer har gebrek oan tawijing oan de muzyk.

Oer de fideoklip

bewurkje seksje

Yn de fideoklip foar "Bye Bye Beautiful" binne de fjouwer manlike bandleden, diels ferfongen troch fjouwer froulike modellen. Nettsjinsteande spekulaasjes soene de froulike dûbeldgongers yn dizze fideo neat te krijen hawwe mei it ûntslach fan Tarja Turunen út Nightwish.

de modellen binne fan in modelleburo yn Los Angeles.

Gastmuzikanten

bewurkje seksje
  • London Philharmonic Orchestra


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: