Cammingehunderi is in yn 839 neamd stee (fila) in Uwestracha wêroer troch historisi skreaun is.

Hjirby waard pleite foar Kimswert, Almenum, Wjelsryp Húns en Ljouwert. De jongste fisy siket it by Kleaster Eanjum ûnder Berltsum. Dêr blike om 1600 de plakken Kammingha en Hundert te lizzen. Op Kammingha (no: Reahel) stiet noch in hûs, de Hundert is in twadde wente. Cammingehunderi wie besit fan boppeneamd kleaster, dat wol fan lettere datum is as 839, doe't Loadewyk de Fromme it skonk oan in Gerulfus.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: