Kleaster Eanjum
Kleaster Eanjum is in buorskip tusken Berltsum en Rie yn de eardere gemeente Menameradiel en sûnt 1 jannewaris 2018 yn de gemeente Waadhoeke yn it noardwesten fan de Nederlânske provinsje Fryslân.
Yn 1256 is oan de âlde ôfwettering en eardere see-earm De Riedstream nei it Waad, in kleaster stichte: Sanctea Mariënberch of Mons Sanctae Mariae. De buorskip wie oant 1963 in selsstannich doarp en bestiet út tal fan monumintale pleatsen en huzen ferspraat oer trije kante kilometer. Kleaster Eanjum hat in rike histoarje en hat sawat 50 ynwenners.
It eardere nonnekleaster lei op Franjum ûnder Marsum en hearde ta de oarder fan Sint Benediktus. Om 1270 rekke it kleaster yn ferfal en gienen de susters nei it frouljuskleaster yn Baaium.
Yn 1256 waard troch de pastor Wibrandus fan Aningum bewesten Berltsum in kleaster stifte, dat diel útmakke fan de oarder fan Sint Augustinus. By de Reformaasje nimt de oerheid yn 1580 it kleaster oer en wurde de gebouwen ôfbrutsen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |