Camminghastins en Thiarchia te Blije wurde neamd yn de Abtelibbens fan Mariëngaarde yn de 12e en 13e iuw. De krekte lizzing is net te bepalen, fan de stinzen is neat werom te finen.

Sa troude Menold Thiarchia oan de ein fan de tolfde iuw mei in dochter Rembrechta fan de Rembrechtastins yn Marrum. Twa bruorren, Asego en Kampo fan Blije, dy't yn de lettere histoariografy as Cammingha's beskôge waarden, libben oan it begjin fan de 12e iuw. Harren neiteam en sibben wurde as nobiles oantsjutten, se waarden belutsen by fetes, en se gienen op pylgerreis nei it Hillige Lân en nei Santiago de Compostella. Abt Sibrandus fan Mariengaarde (1230-1238) hearde ta dizze family. Neffens de tradysje stammen de Cammingha's fan Camminghabuorren by Ljouwert ôf fan de Blijer Cammingha's; mooglik wie der ek in relaasje mei Camminghastate yn Ferwert.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: