Carl Gustaf Mannerheim (entomolooch)

Greve Carl Gustaf Mannerheim (Askainen, 10 augustus 1797 - Stokholm, 9 oktober 1854) wie in Finsk politikus, jurist en ynsektekundige.

Carl Gustaf Mannerheim
(troch Johan Erik Lindh)

Carl Gustaf (von) Mannerheim waard berne yn Askainen, Finlân (doe in part fan it Sweedske keninkryk) as âldste soan fan Wendela Sophia von Willebrand en Carl Erik Mannerheim (1759–1837). Syn heit wie learling fan Linnaeus en politikus. Carl Gustaf begûn al ier mei it sammeljen fan ynsekten, fral fan krobben. Doe't er 16 wie gie er nei de Keninklike Akademy fan Åbo (no Turku). Hy waard dêr begelaat troch entomolooch en botanikus Carl Reinhold Sahlberg mei wa't er goefreonen waard. Mannerheim syn samling, fan hast 20.000 soarten kevers yn 100.000 eksemplaren en likernôch 10.000 oare ynsektesoarten, waard nei syn dea oankocht troch de Universiteit fan Helsinky. Hy publisearre sa'n 40 wittenskiplike wurken eb beskreau ferskaat oan krobben (koleoptera), nij foar de wittenskip.

Yn 1827 waard Carl Gustaf Mannerheim keazen ta lid fan de Keizerlike Akademy fan Wittenskippen. Hy wie ek lid fan de Suomen Tiedeseura (Finske Akademy fan Wittenskippen) en de Kungliga Vetenskapsakademien (Sweedske Akademy fan Wittenskippen). Hy waard ûnderskieden yn de Oarder fan Sint-Stanislaus en wie ridder yn de Oarder fan Sint-Vladimir.

Jurist en politikus

bewurkje seksje

Nei syn stúdzje rjochten waard er yn 1819 amtner yn Petersboarch en lang om let sekretaris fan de minister fan steat fan it Gruthartochdom Finlân. Yn 1833 waard er beneamd ta gûverneur fan Vaasa, Viipuri en letter Savonlinna. Fan 1839 oant syn dea wie er de wichtichste rjochter fan it nije Kayserlichen Hofgerichtes.

Persoanlik libben

bewurkje seksje

Hy boaske yn 1832 oan Eva Wilhelmina von Schantz, in foaroansteand persoan fan it Finske society-libben. Sy krigen fjouwer bern: in soan en trije dochters. Syn pakesizzer Baron Carl Gustaf Emil Mannerheim (1867–1951) waard presidint fan Finlân (1944–1946).

Publikaasjes (in kar)

bewurkje seksje
  • 1825 - Novae coleopterorum species imperii Rossici incolae descriptae, yn Hummel, Essais entomologiques
  • 1837 - Enumération des Buprestides, et description de quelques nouvelles espèces de cette tribu de la famille des Sternoxes, de la collection de M. Le Comte Mannerheim yn Bulletin de la Société Impériale des Naturalistes de Moscou
  • 1837 - Mémoire sur quelques genres et espèces de Carabiques
  • 1844 - Description de quelques nouvelles espèces de Coléoptères de Finlande
  • 1843 - Mémoire sur la récolte d'insectes coléoptères faite en 1842
  • 1843 - Beitrag zur Käferfauna der Aleutischen Inseln, der Insel Sitkha und Neu-Californiens yn: Bulletin de la Société Impériale des Naturalistes de Moscou
  • 1844 - Lettre a S. E. Mr. Fischer de Waldheim ou relation d un voyage fait en 1844, en Suede, en Danemarck et dans nord de l'Allemagne. yn Bull. Soc. Imp. Nat. Moscou
  • 1852 - Insectes Coléoptères de la Sibérie orientale nouveaux ou peu connus. yn Bulletin de la Société Impériale des Naturalistes de Moscou
  • 1853. Dritter Nachtrag zur Kefer-Fauna der Nord-Amerykanischen Laender der Russischen Reiches. yn Bulletin de la Société Impériale des Naturalistes de Moscou

Keppeling om utens

bewurkje seksje