Carroll O'Connor
Carroll O'Connor (folút: John Carroll O'Connor; New York, 2 augustus 1924 – Culver City (Kalifornje), 21 juny 2001), wie in Amerikaansk akteur, komyk, regisseur, tillefyzjeprodusint en senarioskriuwer fan etnysk Iersk komôf. Hy waard fral bekend troch syn rol as de aartskonservative en tsjin alles befoaroardielde Archie Bunker, yn 'e komeedzjesearje All in the Family, út 'e jierren santich. Oan it begjin fan 'e jierren tachtich fertolke er dy rol op 'e nij yn 'e ferfolchsearje Archie Bunker's Place. De earste helte fan 'e njoggentiger jierren wied er te sjen yn syn oare grutte rol, dy fan Bill Gillespie, in plysjekomsaris yn in lyts stedsje yn it Amerikaanske Suden, yn 'e misdie/dramarige In the Heat of the Night. O'Connor wûn ûnder syn aktearkarriêre fiif kear in prestizjeuze Emmy Award (de wichtichste Amerikaansk tillefyzjepriis), en dêropta ek nochris trije kear in Golden Globe.
Carroll O'Connor | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Carroll O'Connor | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 2 augustus 1924 | |
berteplak | New York (New York) | |
stoarn | 21 juny 2001 | |
stjerplak | Culver City (Kalifornje) | |
etnisiteit | Iersk | |
jierren aktyf | 1951 – 2000 | |
prizen | 5x Emmy Award 3x Golden Globe | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeO'Connor waard yn 1924 berne yn 'e New Yorkske wyk Manhattan, yn in roomsk gesin fan Iersk komôf. Syn heit wie Edward Joseph O'Connor, in abbekaat, en syn mem, Elise Patricia O'Connor, wie húsfrou. Hy groeide fierhinne op yn 'e buerten Elmhurst en Forest Hills, yn 'e wyk Queens, dêr't letter ek syn bekendste alter ego Archie Bunker wenje soe. Hy hie twa bruorren, Hugh, in dokter, dy't yn 1961 omkaam by in motorûngelok, en Robert, in psychiater yn New York.
O'Connor begûn yn 1941 in stúdzje oan 'e Wake Forest University, yn 'e steat Noard-Karolina, mar hold dermei op doe't de Feriene Steaten yn desimber fan dat jier behelle rekken yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Om't er ôfkard waard foar de Amerikaanske Marine, meunstere er oan by de keapfardijfloat. Nei de oarloch studearre er Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Montana, yn Missoula, dêr't er mei syn lettere frou Nancy yn 'e kunde kaam. Op 'e nij briek er lykwols syn stúdzje ôf, diskear om nei Ierlân ta, om syn jongere broer Hugh te helpen en wurdt dêr talitten ta in oplieding genêskunde. Sels makke er yn Ierlân syn stúdzje ôf oan it University College Dublin.
Karriêre
bewurkje seksjeSyn aktearkarriêre begûn O'Connor yn 'e Ierske haadstêd Dublin, mei ferskate rollen yn toanielstikken. Nei't er oan it begjin fan 'e fyftiger jierren weromkeard wie yn New York, sette er dêr ek útein as teäterakteur. Syn earste gruttere rol (hoewol net de haadrol) krige er yn in Broadway-adaptaasje fan James Joyce syn ferneamde roman Ulysses, regissearre troch Burgess Meredith, mei wa't er syn libben lang befreone bleau. Yn 1960 spile er foar it earst op 'e tillefyzje, yn it programma Shirley Temple's Storybook. Dat late ta roltsjes yn oare searjes, lykas The Americans, Gunsmoke, Bonanza, The Fugitive, The Man from U.N.C.L.E. en withoefolle oaren.
Yn 1968 wenne O'Connor yn Itaalje, doe't er frege waard foar de rol Archie Justice, yn in nije searje foar de stjoerder ABC, dy't Justice for All hjitte moast. O'Connor stimde dêryn ta, mei't er der net folle fan ferwachte, en tocht dat er mei gauwens wer weromgean koe nei Jeropa. Uteinlik waard ABC ferwiksele foar CBS, de namme fan 'e searje waard feroare yn All in the Family, en O'Connor syn personaazje kaam Archie Bunker te hjitten. Yn 'e rol fan dy kontroversjele en dochs ynnimlike lêstpost briek O'Connor troch, net inkeld yn Amearika, mar ynternasjonaal. Dat súkses wie foar in part ta te skriuwen oan it feit dat O'Connor, dy't sels frijsinnige politike ideeën hie, de man spile mei net inkeld bombastysk gebear, mar ek mei humor, wylst er út en troch wat kwetsberens trochskine liet. In oare wichtige faktor yn it súkses fan 'e searje wie de opmerklike gearwurking fan O'Connor mei aktrise Jean Stapleton, dy't yn All in the Family Archie Bunker syn beklaachlike mar tawijde frou Edith spile. De searje rûn fan 1971 oant 1979, en fan 1979 oant 1983 waard der noch in (minder súksesfolle) ferfolchsearje op makke, mei as titel Archie Bunker's Place. Dat dy rige yn 1983 sûnder omhaal stopset waard, soarge foar in heech oprinnende deilisskip tusken O'Connor en CBS. Foar de rol fan Archie Bunker wûn O'Connor fjouwer kear (1972, 1977, 1978 en 1979) in Emmy Award (de heechste Amerikaanske tillefyzjepriis), wylst er der nochris fjouwer kear foar nominearre waard, en der yn 1972 in Golden Globe foar wûn.
Yn 1988 begûn O'Connor mei syn oare langrinnende rol, dy't fan Bill Gillespie, in plysjekomsaris yn it stedsje Sparta, yn 'e súdlike steat Mississippy, yn 'e misdie/dramarige In the Heat of the Night. Dy searje, dy't oant 1994 rûn, wie basearre op 'e film mei deselde namme út 1967, mei Sidney Poitier yn 'e haadrol, dy't giet oer rasisme yn it Amerikaanske Suden. Yn In the Heat of the Night waarden fierhinne deselde tema's behannele as yn All in the Family, mar op earnstiger toan en fan in oare kant ôf besjoen. Rasisme wie, fral yn 'e earste pear seizoenen, in iderkear wer weromkearend ûnderwerp. Oan it begjin fan 'e searje komt de earste swarte resjersjeur, Virgil Tibbs (spile troch Howard Rollins) yn Sparta te wurkjen, dy't ferskate kearen yn oanfarring komt mei de behâldende Gillespie, net iens sasear fanwegen syn hûdskleur, mar fral om syn moderne ideeën oer plysjewurk, dy't de fêstroastke Gillespie rau op it dak komme. Ek wie der in ôflevering wêryn't Tibbs syn frou Althea (spile troch Anne-Marie Johnson) ferkrêfte wurdt, en dy't yngiet op 'e gefolgen fan sa'n oantaasting foar it slachtoffer en har neisten. Yn 'e lêste seizoenen kamen rasisme en foaroardielen wer om 'e hoeke kypjen, as Gillespie op syn âlde dei in mingde relaasje begjint mei it swarte gemeenteriedslid Harriet DeLong (Denise Nicholas). Foar syn rol as Bill Gillespie wûn O'Connor ien kear in Emmy (1989) en twaris in Golden Globe (1989 en 1990).
Nei 1994 wie O'Connor noch te sjen yn in stikmannich tillefyzjefilms, en hied er gastrollen yn ferskate searjes, wêrûnder Party of Five. Fan 1996 oant 1999 spile er de heit fan Jamie Buchman (Helen Hunt) yn 'e komeedzjesearje Mad About You. Yn 2000 krige er syn eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame. Njonken syn aktearkarriêre joech O'Connor fan 1997 ek les yn it skriuwen fan senario's oan 'e Universtiteit fan Montana.
Priveelibben
bewurkje seksjeO'Connor krige kunde oan Nancy Fields doe't sy studearren oan 'e Universiteit fan Montana, yn Missoula, en se ferloofden har foar't O'Connor ôfsette nei Ierlân. Nei't hja yn 1951 titels yn toaniel en Ingelske taal- en letterkunde behelle hie, reizge Fields him efternei en op 28 juny 1951 trouden se yn Dublin. Se krigen gjin bern, mar yn 1962, wylst O'Connor yn Rome wie foar de opnamen fan 'e film Cleopatra, namen se in seis dagen âld jonkje oan, dat se fan Hugh neamden, nei O'Connor syn jongere broer dy't it foargeande jiers ferûngelokke wie. Hugh O'Connor (1962-1995), dy't yn In the Heat of the Night plysje Lonnie Jamison spile, die himsels yn 1995 tekoart nei in tsienjierrige wrakseling mei drugsferslaving.
Syn dea drukte in swier stimpel op O'Connor syn fierdere libben. Yn in fraachpetear op CNN, mei Larry King, sei er yn 1997 dat der gjin dei foarbygie sûnder dat de oantins oan syn soan him yn 'e holle ommealde. O'Connor sette him neitiid ek o sa yn foar drugsferslaafden en lobbyde yn Kalifornje foar in wet dy't it famyljeleden of neibesteanden fan drugsferslaafden mooglik makke om alle medyske en oare kosten dy't se foar har neiste makke hiene op dy syn drugsdealer te ferheljen. Dy wet kaam der, en wurdt wol de Hugh O'Connor Memorial Law ("West ta Oantins oan Hugh O'Connor") neamd. Hy waard troch alve oare Amerikaanske steaten oernommen.
Ferstjerren
bewurkje seksjeO'Connor wie syn hiele libben in fûleindich sigaresmoker. Yn 1989 waard er mei hertproblemen fan 'e set fan In the Heat of the Night ôffierd en moast er in iepenhertoperaasje ûndergean. Yn 1998 moast er fannijs op 'e operaasjetafel, diskear om in hertier te ûntstopjen, om sa syn kâns op in oerhaal te ferminderjen. O'Connor stoar op 21 juny 2001 te Culver City, yn Kalifornje, oan 'e gefolgen fan in hertoanfal dy't mei feroarsake west hawwe sil troch syn âlderdomssûkersykte. Syn begraffenis waard holden yn Westwood, yn Los Angeles, yn oanwêzigens fan in grut tal Amerikaanske film- en tillefyzjestjerren, wêrûnder de oerlibjende leden fan 'e cast fan All in the Family en In the Heat of the Night, en akteur Larry Hagman, ien fan O'Connor syn bêste freonen. De grêfrede waard holden troch akteur Martin Sheen. O'Connor waard begroeven op it Westwood Village Memorial Park Cemetery yn Los Angeles.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |