In the Heat of the Night (film)

film út 1967 fan Norman Jewison

In the Heat of the Night is in Amerikaanske plysjefilm út 1967 ûnder rezjy fan Norman Jewison, mei yn 'e haadrollen Sidney Poitier en Rod Steiger. De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan John Ball. De titel betsjut "Yn 'e Hjittens fan 'e Nacht". It ferhaal folget Virgil Tibbs, in Afro-Amerikaanske plysjeresjersjeur út Philadelphia, dy't yn in lyts plak yn it Súdlike Mississippy behelle rekket yn in ûndersyk nei de moard op in foaroansteand sakeman. Dêrby wurde hy en de rasistyske pleatslike plysjekommissaris troch omstannichheden twongen om gear te wurkjen. In the Heat of the Night krige rûnom loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy en wie ek in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn 5 Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), 3 Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm) en twa BAFTA's. Yn 2002 waard In the Heat of the Night selektearre foar preservearring yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

In the Heat of the Night
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Norman Jewison
produsint Walter Mirisch
senario Stirling Silliphant
basearre op de roman fan John Ball
kamerarezjy Haskell Wexler
muzyk Quincy Jones
filmstudio The Mirisch Corporation
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Sidney Poitier
Rod Steiger
byrollen Warren Oates
Lee Grant
Scott Wilson
Larry Gates
James Patterson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 2 augustus 1967
foarm langspylfilm
sjenre plysjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget $2 miljoen
opbringst $24,4 miljoen
prizen 5 × Oscar
3 × Golden Globe
2 × BAFTA
filmsearje
filmsearje Virgil Tibbs-trilogy
● folgjend diel They Call Me Mister Tibbs!

Plot bewurkje seksje

Yn it sliepperige stedsje Sparta yn Mississippy, yn it Amerikaanske Suden, treft plysjeman Sam Wood op in jûn mids 1960-er jierren op 'e strjitte it stoflik omskot oan fan sakeman Phillip Colbert. Dyselde komt út Chicago, mar hy wie nei Sparta ferhuze om dêr in nij fabryk op te setten. Mei't dat fan grut belang is foar de pleatslike wurkgelegenheid, is de pleatslike plysjekommissaris Gillespie der alles oan gelegen om fluch de dieder op te spoaren. Mei't de beurs fan 'e deade ûntbrekt, stjoert er Wood derop út om te sjen oft der har ek omrinners yn Sparta ophâlde dy't foar de moard ferantwurdlik wêze kinne.

Wood treft yn it pleatslike stasjonsgebou in swarte man oan dy't op 'e trein sit te wachtsjen. Hy hat in protte jild by him, en om't de Afro-Amerikanen yn Sparta ta de ûnderlaach fan 'e maatskippij hearre en sûnder útsûndering earm binne, giet Wood derfan út dat er de moardner fûn hat. Hy arrestearret de man en nimt him mei nei it plysjeburo. As Gillespie de man dêr ûnderfreget, fertelt dy him lykwols dat er Virgil Tibbs hjit en in plysjeresjersjeur út Philadelphia is dy't yn Sparta op famyljebesite west hat. In tillefoantsje nei Tibbs syn baas yn Philadelphia befêstiget syn ferhaal. Tibbs is swier misledige troch de diskriminearjende behanneling dy't him te'n diel fallen is en troch it iepentlike rasisme fan sawol Wood as Gillespie. Mei't er troch it akkefytsje syn trein mist hat, wol er de earstfolgjende trein nei it noarden nimme.

Syn baas, dy't noch hieltyd oan 'e tillefoan is, komt lykwols mei de suggestje dat Tibbs, as resjersjeur mei in protte ûnderfining yn moardsaken, de plysje yn Sparta yn har ûndersyk nei de moard bystean kin. Noch Tibbs, noch Gillespie liket dat in goed idee ta. Mar Tibbs moat noch oeren wachtsje ear't der wer in trein giet en earsucht is him net frjemd: hy wol al dy blanke rasisten wol sjen litte dat hy harren fak better ferstiet as sysels. En Gillespie hat gjin idee wêr't er de moardner sykje moat, wylst er wol foar it ferstân hat dat it him syn baan kostje sil as er de saak net gau wit te berêden. Dat, mei tsjinnichheid fan wjerskanten beslute se gear te wurkjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De pleatslike dokter, Stuart, hat bepaald dat Colbert noch mar relatyf koart dea wie doe't er fûn waard, mar as Tibbs it stoflik omskot ûndersiket, stelt er fêst dat de rigor mortis al oan it ynsetten is. As er Stuart dêr op wiist, moat dy tajaan dat er gelyk hat. Dat betsjut dat de moard in pear oeren earder plakhân hawwe moat. Tibbs ûntdekt oan 'e hân fan 'e deadsoarsaak (in klap op 'e holle mei in stomp foarwerp) ek dat de dieder rjochtshannich wie. Fierders komt er troch gersplakken op Colbert syn djoere pantalon ta de konklúzje dat de moard earne oars plakfûn hat en dat it lyk neitiid op 'e strjitte delsmiten is dêr't Wood it oantroffen hat.

Underwilens hat Gillespie op eigen krêft in fertochte yn it fizier krigen: Harvey Oberst, in lytse krimineel dy't de oandacht op himsels fêstiget troch streekrjocht troch de fjilden út te piken nei de rivier de Mississippy, dy't de grins mei Arkansas foarmet. De kommissaris wachtet him by de brêge op en kin him dêr ienfâldich arrestearje. As er de missende beurs fan Colbert yn syn besit oantreft, is Gillespie derfan oertsjûge dat er syn man hat. Dat hy fertelt Tibbs dat syn help net mear nedich is, al hâldt Oberst út dat er inkeld de beurs stellen hat nei't Colbert al dea wie. Tibbs stelt lykwols fêst dat Oberst de dieder net wêze kin, om't er loftshannich is, wylst de moardner dúdlik rjochtshannich wie. Ek wurdt neitiid dúdlik dat Oberst in slutend aliby hat foar it tiidstip dat Colbert deadien waard.

Colbert syn widdo ferliest al rillegau har geduld mei Gillespie en syn mannen, dy't nei har miening de earste de bêste fertochte opslute en de moard op har man foar oplost ferklearje wolle. Hja stapt nei boargemaster Schubert ta en driget de bou fan it fabryk ôf te blazen as Tibbs by it ûndersyk net de frije hân kriget. Gillespie fielt dêr earst neat foar, mar hy moat tajaan dat Oberst inkeld in dief is en net in moardner. Hy giet akkoart mei de help fan Tibbs as Schubert him útleit dat dit in win-winsitewaasje foar him is: as Tibbs de moard oplost, kin Gillespie mei de ear strike om't Tibbs yn Sparta fier bûten syn jurisdiksje is; as it Tibbs net slagget en los de moard op, dan is dat Gillespie syn skuld net en hat er lykwols dien wat de widdo Colbert fan him easke. Dat Gillespie giet Tibbs efternei, dy't wilens alwer klear stiet om op 'e trein te stappen, en bepraat him om dochs fierder mei te helpen by it ûndersyk.

Nei't Tibbs frou Colbert en Colbert syn bedriuwslieder ûnderfrege hat, liket it him ta dat de meast foar de hân lizzende fertochte de pleatslike ûndernimmer Endicott is, dy't foar de komst fan Colbert de hiele county nei syn pipen dûnsje litte koe en him tige by tige oankante hat tsjin 'e komst fan it nije fabryk. Tegearre mei Gillespie bringt Tibbs in besyk oan Endicott, dy't in deftige rasist blykt te wêzen. De man beäntwurdet Tibbs syn fragen, mar as er foar it ferstân kriget dat Tibbs him as in fertochte fan 'e moard op Colbert sjocht, fettet er dat op as in mislediging dy't er fan in swartenien net fele kin. Hy jout Tibbs mei de iepen hân in klap yn it gesicht om him teplak te setten, mar Tibbs slacht him fuortendaliks op deselde wize werom. Dêrop ferwachtet Endicott dat Gillespie fanwegen komme sil tsjin Tibbs, mar Gillespie wegeret yn te gripen.

Neitiid warskôget Gillespie Tibbs dat er no mar better sjen kin dat er de earste trein nei it noarden nimt, want as er yn Sparta bliuwt, hat er mei dy klap syn eigen deafûnis tekene. Tibbs hat him no lykwols yn 'e saak fêstbiten en is wisberet om te bewizen dat Endicott, tsjin wa't er wrok koesteret, derefter sit. Endicott stjoert in groepke fan fjouwer jonge poatige trewanten efter Tibbs oan, dy't de swarte resjersjeur yn 'e auto efterfolgje en yn in leechsteand bedriuwspân yn it nau driuwe. Se binne fan doel om him in flink wan bruien te jaan, mar safier komt it lykwols net, want Gillespie hat berjocht krigen oer de auto-efterfolging en hy arrivearret krekt op 'e tiid om Tibbs te rêden. Neitiid hjit er Tibbs fannijs om te sjen dat er út Sparta komt, mar Tibbs wegeret.

Dy jûns freget Tibbs oan Wood om 'e patrûlje yn syn plysje-auto fan 'e jûn fan 'e moard nochris persiis sa nei te dwaan. Wood wykt lykwols fan syn fêste rûte ôf, om't dy by in it hûs lâns liedt fan 'e tsjeppe sechstjinjierrige ekshibisjoniste Delores Purdy. Dyselde mei jûns graach mei it ljocht oan en de kleden iepen neaken yn 'e hûs omrinne, wittend dat alderhanne slach manfolk har bestrúnjeit. Ien fan dyjingen is Wood, dy't op syn fêste patrûlje altyd in skofke hohâldt by har hûs, mar dat foar Gillespie en Tibbs oer net wêze wol. As Wood folhâldt dat er net fan syn fêste rûte ôfwykt is en Tibbs him fan in leagen beskuldiget, besjocht Gillespie syn plysjeman ris wat neier. It docht bliken dat Wood de deis tefoaren $600 op syn bankrekken byskreaun hat: krekt it bedrach dat al út 'e beurs fan Colbert miste doe't Oberst it lyk fûn en de beurs mei de lêste $300 stiel. Gillespie arrestearret dêrop Wood foar de moard.

Tibbs besiket de kommissaris om 'e nocht oan it ferstân te krijen dat Wood inkeld skuldich is oan strúnjeien. Gillespie wurdt einlings fan 'e ûnskuld fan Wood oertsjûge as Tibbs it plak delikt ûntdekt: de lokaasje dêr't it nije fabryk boud wurde sil. Colbert is dêr deaslein mei ien fan 'e piketpealtsjes en dêrnei yn syn eigen auto werom nei stêd riden en op 'e strjitte dumpt, wylst de auto wer teplak set is. Tibbs riddenearret Gillespie foar dat de moardner mei Colbert nei it plak delikt ta riden wêze moat. Wood kin it net west hawwe om't dy net èn de auto fan Colbert èn syn eigen plysje-auto weromride kinnen hie.

Op it plysjeburo komt Purdy, in rasistyske arbeider, del om Wood te beskuldigjen fan ferkrêfting. Syn jongere suster Delores is nammentlik swier en neffens har soe Wood de heit wêze. Om't se noch minderjierrich is, soe Wood him dêrmei skuldich makke hawwe oan statutory rape. Tibbs stiet derop om by it ferhear fan Delores troch Gillespie oanwêzich te wêzen en Gillespie lit dat ta. Purdy beskôget dat omreden fan Tibbs syn hûdskleur as in fernedering en in oantaasting fan syn famylje-ear. Neitiid sammelet er in kloft maten en giet er mei harren nei Tibbs op 'e siik om him te lynchen.

Tibbs is ûnderwilens ta de konkúzje kommen dat er him troch syn persoanlike antypaty foar Endicott op 'e doele bringe litten hat. It ferhaal fan Delores hat Tibbs lykwols in nij oanknopingspunt jûn, mei't er fermoedet dat de heit fan har bern net Wood is, mar de dieder fan 'e moard, dy't ferlet hie fan jild om in yllegale abortus fan te bekostigjen. Fia Oberst syn freon Packy komt er efter de namme en it adres fan in Mama Caleba, in swarte klandestine aborsjoniste. Wannear't er dyselde ûnderfreget, jout se ta dat se dyselde jûns noch in abortus útfiere sil foar Delores. As it fanke deryn komt en Tibbs sjocht, naait se út, en Tibbs giet efter har oan en grypt hat. Har frijer en de heit fan har bern, dy't bûten op har wachtet, blykt Ralph te wêzen, in kok yn in pleatslike kafetaria. Hy hellet in pistoal foar it ljocht en hâldt Tibbs ûnder skot. Op dat stuit arrivearje Purdy en syn maten, dy't ek oer Tibbs gear wolle.

Tibbs fertelt Purdy lykwols dat syn suster him foarliigd hat: Sam Wood is net de heit fan har bern, mar Ralph. Dy hat hat $100 jûn om by Mama Caleba foar in abortus te beteljen en de rest fan 'e missende $600 sil er sûnder mis by him hawwe. Purdy pakt dêrop Delores har hantaske ôf en fynt dêr yndie $100 yn. Poerrazen rjochtet er dan it jachtgewear dat er by him hat op Ralph, dy't lykwols ynstee Purdy deasjit mei syn pistoal. Yn 'e algehiele gaos dy't dêrnei útbrekt, wit Tibbs Ralph te oermasterjen en fynt er syn syn bûse de oare $500 werom. Ralph wurdt arrestearre en bekent neitiid de moard op Colbert, dy't neat oars as in ordinêre rôfmoard blykt te wêzen. Ralph hie in stikje meilifte mei Colbert en besleat him ympulsyf te berôvjen om't er jild brûke moast foar Delores har abortus. It wie net syn bedoeling om 'e man dea te dwaan, mar hy hufte te hurd ta mei it piketpealtsje.

Gillespie bringt Tibbs op 'e trein en draacht foar him syn koffer it perron op. De beide mannen hawwe yn 'e tuskentiid respekt foarinoar krigen. As se ôfskie nimme, hjit Gillespie Tibbs om foarsichtich te wêzen, wat Tibbs beäntwurdet mei in oprjocht glimke.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Sidney Poitier.
 
Rod Steiger (hjir as Al Capone yn 'e film mei deselde namme út 1959).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise   
resjersjeur Virgil Tibbs Sidney Poitier
plysjekommissaris Gillespie Rod Steiger


byrollen
personaazje                        akteur/aktrise
plysjeman Sam Wood Warren Oates
frou Colbert Lee Grant
Harvey Oberst Scott Wilson
Endicott Larry Gates
Purdy James Patterson
boargemaster Schubert William Schallert
Mama Caleba Beah Richards
Ralph Anthony James
plysjeman Courtney Peter Whitney
Henderson Kermit Murdock
Watkins Larry D. Mann
Packy Matt Clark
Ulam Arthur Malet
dokter Stuart Fred Stewart
Delores Purdy Quentin Dean
Shagbag Timothy Scott
McNeil William C. Watson
Charles Hawthorne Eldon Quick
Shuie Stuart Nisbet
Jess Khalil Bezaleel
Fryer Peter Masterson
Endicott syn butler Jester Hairston
stoere keardel #1 Phil Adams
stoere keardel #2 Nikita Knatz
winkelbetsjinde Sam Reese
plysjeman Clegg Hoyt
Ted Appleton Alan Oppenheimer
kondukteur Buzz Barton

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

In the Heat of the Night waard regissearre troch filmmakker Norman Jewison nei in senario fan Stirling Silliphant. Dat wie basearre op 'e roman In the Heat of the Night, út 1965, fan John Ball. As produsint wie Walter Mirisch by it projekt belutsen foar syn eigen filmstudio The Mirisch Corporation. Foar de film wie in budget beskikber fan $2 miljoen, dat fierhinne finansierd waard troch United Artists. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Haskell Wexler, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Quincy Jones. De titelsong In the Heat of the Night waard songen troch Ray Charles.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar In the Heat of the Night waarden yn 'e simmer fan 1966 dien en fûnen fierhinne plak op lokaasje yn Sparta (Illinois) ynstee fan Sparta (Mississippy), dêr't de film eins spilet. Regisseur Jewison en haadrolspilers Sidney Poitier en Rod Steiger koene goed mei-inoar, mar Jewison, dy't Kanadees wie, hie swierrichheden mei autoriteiten yn it Amerikaanske Suden, en de swarte Poitier wie der ek net wyld fan om súdlik fan 'e Mason-Dixonline te filmjen. Likegoed waarden inkele sênes opnommen yn Dyersburg en Union City yn Tennessee. Behalven yn Sparta waard der yn Illinois (in Noardlike steat) ek filme yn Chester (de efterfolging fan Harvey Oberst) en Freeburg (de kafetaria).

Ien fan 'e bekendste sênes út In the Heat of the Night, wêryn't Tibbs Endicott weromslacht nei't dy him in klap yn it gesicht jûn hat, komt yn dy foarm net foar yn it boek fan Ball. Dêr is Endicott de iennichste dy't in klap útdielt. In oare tige bekende sêne út 'e film is oan it begjin, as Tibbs en Gillespie inoar foar it earst moetsje en Gillespie de gek hat mei Tibbs syn foarnamme 'Virgil' (de Ingelske foarm fan Fergilius). Hy freget Tibbs dan hoe't se him yn syn wenplak Philadelphia neame. Tibbs antwurdet dêrop: "Se neame my menear Tibbs!"

 
Strjitbyld út Sparta (Illinois), dêr't In the Heat of the Night fierhinne opnommen waard.

In the Heat of the Night wie de earste kleurefilm fan 'e filmyndustry fan Hollywood wêrby't de beljochting oanpast wie oan 'e hûdskleur fan swarte minsken. Kameraregisseur Wexler fûn nammentlik dat de standertbeljochting by it filmjen by swarten foar tefolle wjerskyn soarge, mei as gefolch dat fan harren gesichten inkeld de rûchste skaaimerken te ûnderskieden wiene, sadat alle swarten opinoar begûnen te lykjen. Troch as Poitier yn byld wie, de beljochting oan te passen, waard soks yn In the Heat of the Night foarkomd.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan In the Heat of the Night waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 2 augustus 1967 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1967 by platemaatskippij United Artists Records. In the Heat of the Night waard yn 'e 1980-er jierren útbrocht as VHS-keapfideo. De film ferskynde yn 2001 foar it earst op dvd en yn 2014 foar it earst op blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige In the Heat of the Night oer it algemien tige loovjende resinsjes. Sa skreau Bosley Crowther yn The New York Times dat de film "it oansjen en it lûd fan 'e wurklikheid en de klopjende hertslach fan 'e wierheid" hie. Hy romme fierder de beide haadrolspilers Sidney Poitier en Rod Steiger om't hja neffens him "elts fysyk gesach en persoanlike djipgong" oan harren rollen meijûn hiene. Yn it tydskrift Life skreau Richard Schickel: "hast alles oan dizze film is goed: de skerp ôfbeakene mindere personaazjes, de soarchfâldige plot, de prachtige justens fan 'e setting, stimming en dialooch yn eltse sêne. It meast it bewûnderjen wurdich is noch de soarch wêrmei't eltsenien [yn 'e film] oerferienfâldigings foarkomt."

In resinsje yn it tydskrift Time wie loovjend oer de tematyk fan rasiale ienheid yn 'e film, dy't "sûnder ein foarútholpen wurdt troch de aktearprestaasjes fan Steiger en Poitier, wêrmei't op briljante wize brutsen wurdt mei swart-wite stereotypen". John Mahoney fan The Hollywood Reporter omskreau In the Heat of the Night as "in meislepend en spannend moardmystearje dat in gefoel fan gruttere wichtigens opropt troch syn fernislaach fan maatskiplike betsjutting en de yllúzje fan djipgong yn syn gebrûk fan hûdskleur."

Yn 'e Chicago Sun-Times hie Roger Ebert ek lof foar de film en yn 't bysûnder foar de rol fan Steiger as de rasistyske plysjekommissaris Gillespie, dy't geandewei de film troch syn gedoente mei Tibbs in bettere minske wurdt. It ferhaal fan In the Heat of the Night kloppe neffens Ebert lykwols allegearre krekt wat té goed. Yn it tydskrift The New Yorker hie Penelope Gillatt minder bewûndering foar de film, dy't se omskreau as "yn essinsje in primityf jûchheiferhaal oer de triomf fan in underdog oer in pestkop." Ek fûn se dat In the Heat of the Night "in skynhillige hâlding fan begienens" hie mei "de swierrichheden fan 'e echte Feriene Steaten op 't heden."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat In the Heat of the Night in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 55 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De film is spannend, grappich en ta neitinken oansettend tagelyk en wurdt ferheft troch sterke aktearprestaasjes fan Sidney Poitier en Rod Steiger". Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet In the Heat of the Night in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 14 resinsjes.

Yn 2002 waard In the Heat of the Night troch de Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

In the Heat of the Night brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $11,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $13,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $24,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $2 miljoen betsjut dat in winst fan $22,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie In the Heat of the Night in grut kommersjeel súkses.

Prizen bewurkje seksje

In the Heat of the Night waard yn 1968 by de Oscars nominearre foar prizen yn 7 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur en bêste lûdsmontaazje. De film wûn mar leafst 5 Oscars: foar bêste film, bêste akteur (Rod Steiger), bêste adaptearre senario (Stirling Silliphant), bêste filmmontaazje (Hal Ashby) en bêste lûdsmixing (Ofd. Lûd fan 'e Samuel Goldwyn Studio).

In the Heat of the Night waard fierders ek nominearre foar 7 Golden Globes, wêrûnder de prizen foar bêste akteur (Sidney Poitier), bêste byrol fan in aktrise (2 kear: Lee Grant en Quentin Dean), en bêste regisseur. De film wûn 3 Golden Globes: foar bêste dramafilm, bêste akteur (Rod Steiger) en bêste filmsenario.

Fierders waard In the Heat of the Night ek nominearre foar de Grammy Award foar bêste orizjinele soundtrack foar in film of tillefyzjesearje. De film wûn de Edgar Allan Poe Award foar bêste filmsenario. Om utens waard In the Heat of the Night by de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, nominearre yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste film en bêste akteur (Poitier). De film wûn 2 BAFTA's: foar bêste akteur (Steiger) en de United Nations Award, in spesjale priis foar films dy't minsken fan ferskate befolkingsgroepen ta-inoar bringe.

Ferfolchfilms en tillefyzjesearje bewurkje seksje

Troch it súkses fan In the Heat of the Night waarden der letter twa ferfolchfilms makke: They Call Me Mister Tibbs! (1970) en The Organization (1971). Dat wiene oare ferhalen oer haadpersoan Virgil Tibbs; dêrfandinne dat de trije films ek wol de Virgil Tibbs-trilogy neamd wurde. Yn beide ferfolchfilms kearde Sidney Poitier werom yn 'e haadrol, mar allebeide flopten se yn 'e bioskopen. Yn 1988 waard der in plysjesearje foar op 'e tillefyzje makke dy't ek In the Heat of the Night hiet, en dy't ynspirearre wie troch de film mei deselde namme en de oarspronklike roman. De searje, mei Howard Rollins as Virgil Tibbs en Carroll O'Connor as kommissaris Gillespie, wie tige súksesfol en rûn oant en mei 1995.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.