Catherine, prinsesse fan Wales

(Trochferwiisd fan Catherine Middleton)

Catherine, prinsesse fan Wales, earder: Catherine Elizabeth (Kate) Middleton, (Reading (Berkshire), 9 jannewaris 1982) is sûnt 29 april 2011 de frou fan prins William, de âldste soan fan Britske kening Charles III en syn earste frou prinses Diana († 1997).

Catherine, prinsesse fan Wales
aadlik persoan en/of hearsker
Catherine, prinsesse fan Wales (2008)
Catherine, prinsesse fan Wales (2008)
echte namme Catherine Elizabeth
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 9 jannewaris 1982
berteplak Reading
Prinsesse fan Wales
amtsperioade 2022-
foargonger Diana
hartoginne fan Cambridge
amtsperioade 2011-
hartoginne fan Cornwall
amtsperioade 2022-
foargonger Camilla
hartoginne fan Rothesay
amtsperioade 2022-
foargonger Camilla
Kate en William op it balkon fan Buckingham Palace nei de trouwerij

Catherine waard grutbrocht yn Chapel Row ûnder Bucklebury, in doarp tichteby Newbury, Berkshire en studearre yn Skotlân oan de Universiteit fan St Andrews, dêr't hja ek prins William moete yn 2001. Sy krigen ferkearing. Yn 2007 wiene sy in pear moannen út elkoar, mar letter dat jier rekke it wer oan.

Yn de oanrin fan it houlik wie sy al geregeldwei te finen by in tal plechtichheden fan it Keninklik Hûs. Sy krige wurdearring foar har gefoel foar moade. Doe't har ferhâlding mei William bekend wie, krige sy in soad omtinken fan de media en waard der fûl spekulearre op in eventueel houlik. Op 16 novimber 2010 waard harren ferloving offisjeel bekendmakke. Catherine Middleton boaske oan Prins William op 29 april 2011 yn de Abdij fan Westminster yn Londen.

Op 22 july 2013 krige sy in soan,George, yn 2015 folge troch Charlotte en yn 2018 troch Louis.

Catherine,
prinsesse fan Wales

(1982-)
Heit:
Michael Middleton
(1949-)
Pake:
Peter Middleton
(1920–2010)
Oerpake:
Richard Noël Middleton
(1878–1951)
Oerbeppe:
Olive Christiana Lupton
(1881–1936)
Beppe:
Valerie Glassborow
(1924–2006)
Oerpake:
Frederick George Glassborow
(1889–1954)
Oerbeppe:
Constance Robison
(1888–1977)
Mem:
Carole Goldsmith
(1955-)
Pake:
Ronald Goldsmith
(1931–2003)
Oerpake:
Stephen Charles Goldsmith
(1886–1938)
Oerbeppe:
Edith Eliza Chandler
(1889–1971)
Beppe:
Dorothy Harrison
(1935–2006)
Oerpake:
Thomas Harrison
(1904–1976)
Oerbeppe:
Elizabeth Mary Temple
(1903–1991)

Keppelings om utens

bewurkje seksje