Cees Bijl (Inkhuzen, 27 juny 1955) is in Nederlânske politikus út namme fan de Partij van de Arbeid (PvdA). Sûnt 1 desimber 2021 is er waarnimmend boargemaster fan de gemeente Midden-Drinte.

Cees Bijl
Cees Bijl yn 2013
Cees Bijl yn 2013
Algemien
Folsleine namme Cornelis Bijl
Berne 27 juny 1955
Berteplak Inkhuzen
Funksje Waarnimmend boargemaster fan Midden-Drinte
Sûnt 1 desimber 2021
Partij PfdA
Titels mr.
Politike funksjes
1978-1990 Gemeenteriedslid fan Inkhuzen
1982-1990 Wethâlder fan Inkhuzen
1990-1998 Boargemaster fan Ljouwerteradiel
1998-2001 Boargemaster fan Meppel
2001-2016 Boargemaster fan Emmen
2016-2021 Deputearre fan Drinte
2021-no Waarnimmend boargemaster fan Midden-Drinte

Cees Bijl studearre fiskaal rjocht oan de Ryksuniversiteit Leien en wurke dêrnei as belestingynspekteur. Hy sette mei syn politike wurkpaad yn 1978 útein as gemeenteriedslid yn Inkhuzen en yn 1982 waard er dêr wethâlder. Yn oktober 1990 waard er boargemaster fan Ljouwerteradiel en yn 1998 waard er beneamd ta boargemaster fan Meppel. Yn 2001 stapte er oer nei Emmen, dêr't er oant 2016 bliuwe soe. Dêr waard er opfolge troch Eric van Oosterhout. Yn maaie dat jiers waard er deputearre fan de provinsje Drinte as opfolger fan Ard van der Tuuk. Op 1 desimber 2021 gie er mei pensioen en dyselde deis noch waard er waarnimmend boargemaster fan Midden-Drinte as opfolger fan Mieke Damsma dy't opstapt hie. Op 19 juny 2024 waard er waarnimmend boargemaster fan Meppel.[1]

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

Cees Bijl die ûnder oare mei oan de tillefyzjekwis De Zwakste Schakel, dêr't er it tsjin acht oare boargemasters opnimme moast.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cees Bijl waarnemend burgemeester van Meppel, Provincie Drenthe, 28 mei 2024. Gearchiveerd op 29 mei 2024.
  2. De Zwakste Schakel - Burgemeesters special, RTL Nederlân, 2009
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cees Bijl fan Wikimedia Commons.