Chantal Hanse (Gelderlân, 9 septimber 1984) is in Nederlâns fotomodel. Sy brûkt ek de skûlnamme Chariko.

Sy waard yn 2007 twadde by de ferkiezing fan it Buorfamke fan it jier 2007 fan it blêd FHM en sierde yn septimber 2009 de omslach fan de Nederlânske Playboy.

Op 3 maaie 2010 waard Hanse keazen as Playmate fan it Jier 2009. Sy wurke as linzjery- en kommersjeel model. Se wie gast yn it programma Jensen en yn de BNN-shows De Nasjonale IQ Test en Spuiten en Slikken. Ein 2010 ferskynde hja op frijwat pikante posters fan Suit Supply dy't yn it hiele lân te sjen wienen; dat kaam har te stean op krityk fan ûnder oaren feministyske kant. Hanse ferdigene de fotorige by Pauw en Witteman (novimber 2010).

  • 2007: Buorfamke fan it jier 2007 (FHM)
  • 2009: Playmate Septimber (Nederlânske Playboy)
  • 2009: Playmate Desimber (Argentynske Playboy)
  • 2010: Playmate Jannewaris (Sloveenske Playboy)
  • 2010: Playmate Maart (Poalske Playboy)
  • 2010: Playmate April (Braziljaanske Playboy)
  • 2010: Playmate fan it jier 2009 (Nederlânske Playboy, maaie 2010)
  • 2010: Playmate July (Argentynske Playboy)
  • 2010: Playmate July (Kroatyske Playboy)

Keppeling om utens

bewurkje seksje