Charles Howard Hodges
Charles Howard Hodges (Portsmouth, 1764 - Amsterdam, 24 july 1837) wie in Ingelsk keunstner dy't yn Nederlân karriêre makke.
Wurkpaad
bewurkje seksjeYn 1788 ferfear er nei Amsterdam dêr't er by Johann Friedrich August Tischbein op de Keizersgrêft ynwenne.
Nei twa jier yn Dublin festige er him yn 1792 yn De Haach. Dêr en yn Amsterdam, dêr't er ek in protte arbeide, makke er "swartekeunstprinten" of mezzotinten fan Ingelske skilderstikken. Yn 1797 ferhuze er mei syn húshâlding nei Amsterdam, dêr't er him ûntjoech ta in protte frege portretskilder yn de styl fan Tischbein. Hy wie teffens graveur, tekener, útjouwer, keunsthanneler en lid fan it selskip Felix Meritis.
Hodges skildere de fiif lieders fan efterelkoar de Nederlânske politike systemen: steedhâlder Willem V fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen, Riedpinsjonaris Rutger Jan Schimmelpenninck fan de Bataafske Republyk, kening Loadewyk Napoleon (kening fan Hollân), keizer Napoleon Bonaparte en kening Willem I fan de Nederlannen. Hy makke ek tal fan portretten fan Nederlânske ealju en patrysjers. It ienichst bekende portret fan Sebald Justinus Brugmans is ek fan syn hân. In ûntwerp foar in earekrús fan de Oarder fan de Uny woe Loadewyk Napoleon neat fan witte.
Hodges wie adviseur fan it Nederlânsk regear yn 1815 by it werombringen fan de tûzenen skilderijen en printen út Nederlânske samlingen, ûnder mear dy út de Galery Prins Willem V en de samling fan de steedhâlders, dy't de Frânsken yn 1795 yn beslach naam hiene.
Hodges makke sa'n 700 portretten; de measte binne út de 19e iuw. De ierste wurken binne yn it pastel, de lettere mei oaljeferve. Portretten fan Hodges binne te finen yn it Ryksmuseum yn Amsterdam, yn oare museums, tal fan kastielen en yn keninklike en partikuliere samlingen.
Charles Howard Hodges wie de heit en learaar fan James Newman Hodges, in net sa wichtich skilder en opsichter fan it Ryksmuseum dat doe noch yn it Amsterdamske Trippenhûs festige wie. Fierder wiene Frederik Christiaan Bierweiler, William Fleming, Lambertus Johannes Hansen, Cornelis Kruseman, Joachim Jan Oortman, Petrus Antonius Ravelli, and Francesco Tozelli learlingen fan Hodges.
Galery
bewurkje seksje-
Louis Bonaparte (1809)
-
Jacoba Vetter (1837)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Charles Howard Hodges fan Wikimedia Commons. |