Amerikaanske Akademy fan Keunsten en Letteren

(Trochferwiisd fan Charles Ives Award)

De Amerikaanske Akademy fan Keunsten en Letteren (American Academy of Arts and Letters, AAAL) is in Amerikaansk genoatskip dat himsels ta doel steld hat om 'e Amerikaanske literatuer, muzyk en keunst oan te fiterjen. De organisaasje waard yn 1904 oprjochte troch leden fan it Nasjonaal Ynstitút foar Keunsten en Letteren (National Institute of Arts and Letters), wêrmei't er yn 1976 fúzjearre ûnder de namme fan Amerikaanske Akademy en Ynstitút fan Keunsten en Letteren (American Academy and Institute of Arts and Letters). Yn 1992 waard de hjoeddeiske namme oannommen.

American Academy of Arts and Letters
Audubon Terrace, yn New York, dêr't de Amerikaanske Akademy fan Keunsten en Letteren fêstige is.
Audubon Terrace, yn New York, dêr't de Amerikaanske Akademy fan Keunsten en Letteren fêstige is.
algemiene ynformaasje
ôfkoarting AAAL
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. feriening
wurkmêd befoardering f.d. Amerikaanske
literatuer, muzyk en keunst
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1904
offisjele webside
www.artsandletters.org

De AAAL is fêstige yn 'e Washington Heights-buert fan 'e Newyorkske wyk Manhattan, en is eigner fan ferskate keunstgaleryen dy't tagonklik binne foar it publyk. De organisaasje stiet lykwols fral bekend om it grutte tal prizen dat útrikt wurdt.

  • de Academy Award of the American Academy of Arts and Letters (jierliks priis, oprj. yn 1941 om kreätive keunst, muzykkomposysjes en/of literatuer oan te moedigjen: $7500)
  • de American Academy of Arts and Letters Award of Merit (jierlikse priis, om bar takend oan in keunstskilder, koarte-ferhaleskriuwer, byldhouwer, romanskriuwer, dichter en toanielskriuwer: $10.000)
  • de American Academy of Arts and Letters Gold Medals (jierlikse oeuvrepriis foar seis fan yn totaal tolve kategoryen yn rotaasje):
  • de Arnold W. Brunner Memorial Prize (jierlikse priis foar arsjitektuer: $5000)
  • de Arthur Rense Prize (trijejierlikse priis, oprj. yn 1998, foar dichtkeunst: $20.000)
  • de Award for Distinguished Service to the Arts (jierlikse priis foar immen dy't yn 'e Feriene Steaten wennet en dy't in opmerklike tsjinst ferliend hat oan 'e skiene keunsten: $1000)
  • de Benjamin H. Danks Award (jierlikse priis, oprj. yn 2002, dy't om bar oan in komponist, in toanielskriuwer en in skriuwer (fan fiksje, non-fiksje of poëzij) jûn wurdt: $20.000)
  • de Charles Ives Awards
    • seis jierlikse stúdzjebeurzen foar Amerikaanske komponisten, fan elts $7500
    • twa jierlikse talagen foar Amerikaanske komponisten, fan elts $15.000
    • de Charles Ives Living (trijejierlkse priis, oprj. yn 1998, foar in jonge Amerikaanske komponist, besteande út $75.000 jiers en dat trije jier efterinoar)
  • de E.M. Forster Award (jierlikse priis foar in jonge Ingelske skriuwer dy't in langere perioade yn 'e Feriene Steaten tahâldt: $15.000)
  • de Goddard Lieberson Fellowships (twa jierlikse talagen foar jonge komponisten: $15.000 elts)
  • de Harold D. Vursell Memorial Award (jierlikse priis foar in skriuwer dy't mei resint wurk erkenning fertsjinnet fanwegen de kwaliteit fan 'e skriuwstyl: $10.000)
  • de Jimmy Ernst Award (jierlikse priis, oprj. yn 1990, foar skilder- of byldhoukeunst: $5000)
  • de Katherine Anne Porter Award (twajierlikse priis foar proaza: $20.000)
  • de Marc Blitzstein Award (periodike priis, oprj. yn 1965 foar muzykkomposysjes: $5000)
  • de Medal for Spoken Language (út en troch ferliende medalje foar persoanen dy't in hege standert sette foar sprutsen taal)
  • de Metcalf Awards
    • de Willard L. Metcalf Award in Art (twajierlikse priis foar keunst: $10.000)
    • de Addison M. Metcalf Award in Literature (twajierlikse priis foar literatuer: $10.000)
  • de Michael Braude Award for Light Verse (twajierlikse priis foar poëzij: $5000)
  • de Mildred and Harold Strauss Livings (twa jierlikse prizen foar skriuwers fan Ingelsktalich proaza: allebeide $50.000 jiers foar in perioade fan fiif jier, sadat de winners har folslein op skriuwen talizze kinne)
  • de Morton Dauwen Zabel Award (twajierlikse priis dy't om bar takend wurdt oan in dichter, in fiksjeskriuwer of in resinsint "dy't oerhinget nei it progressive, orizjinele of eksperimintele": $10.000)
  • de Richard and Hinda Rosenthal Foundation Awards
    • de Richard Rosenthal Foundation Award (jierlikse priis, oprj. yn 1956, foar in literêr wurk fan betsjutting: $5000)
    • de Hinda Rosenthal Foundation Award (jierlikse priis, oprj. yn 1959, foar in noch net earder erkende jonge skilder: $5000)
  • de Richard Rodgers Awards for Musical Theater (in groep jierlikse prizen foar musicals)
  • de Rome Prize in Literature (twa jierlikse stúdzjebeurzen foar jonge Amerikaanske skriuwers om in jier yn Rome te wurkjen)
  • de Russell Loines Award for Poetry (jierlikse priis foar poëzij fan 1931 oant 1983)
  • de Sue Kaufman Prize for First Fiction (jierlikse priis foar it bêste romandebút of debút op it mêd fan ferhalebondels, publisearre yn it foargeande jier: $5000)
  • de Walter Hinrichsen Award (priis foar in Amerikaanske komponist yn syn middeljierren)
  • de William Dean Howells Medal (fiifjierlikse priis, oprj. yn 1925, foar de treflikste Amerikaanske roman út dy perioade)
  • de Wladimir and Rhoda Lakond Award (jierlikse priis foar in komponist of muzykstudint: $5000)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.