Charley Atwell (yn Esseks (Ingelân), 24 maart 1985) is in Britsk glamour- en neakenmodel fan Ingelsk komôf. Hja sette yn 2010 útein mei in wurkpaad as model, en stiet benammen bekend om har grutte boarsten. Hja hat ek yn twa lesbyske pornofilms spile.

Charley Atwell
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Charley Atwell
nasjonaliteit Britsk
berne 24 maart 1985
berteplak yn Esseks (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
wurksum as glamourmodel, neakenmodel,
lesbysk pornoaktrise
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Atwell waard yn 1985 berne yn it greefskip Esseks, yn súdeastlik Ingelân. Hja begûn yn 2010 oan in karriêre as model, wêrby't se benammen posearret foar glamourfotografy en neakenfotografy. Sadwaande hat se as centerfold yn ferskate manljusblêden stien. Yn 2011 spile se yn 'e lesbyske pornofilm Glamsmoke fan 'e filmstudio Bluebird Films. Datselde jiers fertolke se teffens in net-pornografyske rol yn 'e film Blonde and Blonder, dy't ek troch Bluebird Films útbrocht waard. En yn 2013 wie se jitris yn in lesbysk pornografyske rol te sjen, yn Fuck the Cook, op 'e nij fan Bluebird.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Charley Atwell is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en kupmaat 34G, dêr't se ferskate boarstfergruttingsoperaasjes foar ûndergien hat. Hja stiet dan ek benammen bekend om har boarsten, dy't kûgelrûn binne. Atwell hat in nâlpiercing en in tatoeaazje op har rjochterearm.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: