Chesley Award
De Chesley Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't yn 1985 ynsteld binne troch de Association of Science Fiction and Fantasy Artists (ASFA) mei as doel om erkenning te bieden oan yndividuële artistike prestaasjes op it mêd fan science fiction en fantasy. Oarspronklik waarden dizze prizen de ASFA Awards neamd, mar nei it ferstjerren fan 'e bekende astronomyske keunstner Chesley Bonestell waarden se yn 1986 nei dyselde ferneamd. De Chesley Awards wurde op jierlikse basis yn alve ûnderskate kategoryen útrikt, ornaris as ûnderdiel fan 'e World Science Fiction Convention (Worldcon).
Chesley Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | ASFA Award | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | science fiction- en fantasykeunst | |
útrikt troch | ASFA | |
frekwinsje | 1x jiers | |
ynsteld | 1985 | |
1e útrikking | 1985 | |
offisjele webside | ||
www.asfa-art.org |
Kategoryen
bewurkje seksje- bêste omslachyllustraasje – hardcover
- bêste omslachyllustraasje – paperback
- bêste omslachyllustraasje – tydskrift
- bêste binnenyllustraasje
- bêste trijediminsjonale keunstwurk
- bêste kleurekeunstwurk – ûnpublisearre
- bêste swart-wytkeunstwurk – ûnpublisearre
- bêste produktyllustraasje
- bêste yllustraasje op it mêd in fideospultsje
- bêste art director
- grutste artistike prestaasje
- wichtichste bydrage oan 'e ASFA (oant en mei 2006)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |