De Tsjerke fan 'e Hillige Ferlosser yn Chora (Gryksk]: Ἐκκλησία τοῦ Ἁγίου Σωτῆρος ἐν τῇ Χώρᾳ, Turksk: Kariye Müzesi, Kariye Camii, Kariye Kilisesi) is in midsiuwske Byzantynske tsjerke yn 'e westlike wyk Edirnekapı yn it distrikt Fatih fan 'e Turkske haadstêd Istanbûl. De tsjerke waard in heale iuw nei de fal fan Konstantinopel yn 'e 16e iuw yn in moskee feroare en is sûnt 1948 in museum.

Chora-tsjerke

Ἐκκλησία τοῦ Ἁγίου Σωτῆρος ἐν τῇ Χώρᾳ / Kariye Kilisesi

bouwurk
lokaasje
lân Turkije
plak Fatih-Istanbûl
adres Dervişali, Kariye Cami Sk. No:18
koördinaten 41°1'N 28°56'E
bysûnderheden
type bouwurk oarspronklik tsjerke, dêrnei moskee en museum
boujier Sûnt de 5e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer
offisjele webside
Side museum
kaart
Chora-tsjerke (Istanbûl)
Chora-tsjerke

De tsjerke is fan binnen oerdutsen mei âlde Byzantynske mozaïken en fresko's, dy't nei't de moskee in museum waard wer foar it ljocht helle binne.

De Chora-tsjerke wie ien fan 'e tsjerken dy't it Turkske regear yn it ramt fan in kampanje om fan oarspronklik Byzantynske as museum tsjinjende tsjerken yn in moskeeën te feroarjen.[1][2] Yn 2020 makke Recep Tayyip Erdogan bekend dat nei de Aya Sofia earder ek de Chora-tsjerke wer as moskee tsjinnet. As it gebou as moskee brûkt wurdt, wurde de kristlike foarstellings oan 'e muorren mei gerdinen oerdutsen. [3]

De Chora-tsjerke stiet op 'e list fan UNESCO-wrâlderfgoed en hat it grutste noch besteande oerflak oan Byzantynske mozaïken fan Istanbûl. Der besteane grutte soargen oer de gefolgen foar it erfgoed no't de tsjerke wer as moskee funksjonearret.[4]

 
Beskildere koepel fan 'e sydkapel fan 'e Chora-tsjerke.

Oarspronklik waard de Chora-tsjerke as ûnderdiel fan in kleaster bûten de muorren fan Konstantinopêl boud. Letterlik oerset betsjutte de namme de "Tsjerke fan 'e hillige Ferlosser op it Fjild". It wurd Chora, de ferkoarte namme fan 'e tsjerke, ferwiist nei de oarspronklike lokaasje bûten de muorren.

De earste tsjerke op itselde plak waard oan it begjin fan 'e 4e iuw boud. Doe't Teodosius yn 'e jierren 413-414 nije muorren om 'e stêd boude, kaam de tsjerke yn it ommuorre stedsgebiet te lizzen, mar de namme Chora bleau bestean. Chora droech ek in symboalyske betsjutting: de mozaïken yn 'e narteks beskriuwe Kristus as it "Lân fan 'e Libbenen" en Marije as it "Lân fan de Uneinige".

It grutste part fan it hjoeddeiske gebou stamt fan 'e jierren 1077-1081, doe Maria Dukaina, de skoanmem fan Aleksius I Komnenus, de tsjerke op 'e nij boud as in krústsjerke. Mooglik troch in ierdskodding stoarte de tsjerke yn 'e 12e iuw foar in part yn. Aleksius tredde soan, Izaäk Komnenus, droech soarch foar de werbou, mar de foltôging fan 'e tsjerke sa't dy der no stiet datearret fan twa iuwen letter.

Teodorus Metochites, de machtige kânselier en skathâlder ûnder Andronikos II Palaiologos, ferrike yn 'e jierren 1315-1321 yn it ramt fan in restauraasje de tsjerke mei in soad mozaïken en fresko's. De mozaïken binne it wichtichste foarbyld fan 'e Paleologyske renêssânse. Wa't de keunstwurken oanbrocht hawwe is fierder net bekend. Metochites libbe nei in tydlike ferballing fan twa jier as muonts by de tsjerke, oant er op 13 maaie 1331 ferstoar. Hy waard yn it noardeastlike ein fan 'e kapel byset.

Likernôch in heale iuw nei de ferovering fan Konstantinopel troch de Ottomanen waard de Chora-tsjerke yn opdracht fan Atık Ali Paşa, de grutfizier fan Bayezid II, yn in moskee feroare en omdoopt ta Kariye Camii. De mozaïken waarden oerkalke. Dat en de ierdskoddings hawwe de rike mozaykdekoraasjes gjin goed dien.

Yn 1948 betellen de Amerikanen Thomas Whittemore en Paul A. Underwood fan it Byzantine Institute of America en it Dumbarton Oaks Center for Byzantine Studies in restauraasje. Sûnt dat momint wie it gebou gjin moskee mear. Yn 1958 waard it gebou op 'e nij iepene as museum: it Kariye Müzesi. Op oantrún fan Recep Tayyip Erdogan waard de tsjerke yn it ramt fan it islamisearjen fan oarspronklik Byzantynske gebouwen sûnt 2020 wer in moskee.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Chora Church