De Cle Elum-mar (Ingelsk: Cle Elum Lake) is in natuerlik- en kearmar yn de Amerikaanske steat Washington dêr't de rivier de Cle Elum út ûntspringt. De mar is de eastlikste fan trije marren by de Interstate 90 yn it Cascadesberchtme lâns, wêrby't de oare marren de Keechelus-mar en de Kachess-mar binne.

Cle Elum-mar
Loftfoto fan it Cle Elum Mar (2009). Fan it noarde ôf sjoen.

De Cle Elum-mar is part fan de Columbia River Basin, it bekken fan de rivier de Kolumbia, om't de rivier de Cle Elum in sydrivier fan de rivier Yakima is en dy op syn beurt wer in sydrivier fan de Kolumbia.

De mar wurdt brûkt as opslachboezem yn it ramt fan it Yakima Project, in bewetteringsprojekt dat beheard wurdt troch it United States Bureau of Reclamation. Dochs is de Cle Elum-mar yn it foarste plak in natuerlike mar, wêrfan't de wetterôffier regele wurdt troch de Cle Elum-daam, in ierden keardaam fan 50 m boud yn 1933. As opslach kin it mar sa'n 539.000.000 m³ wetter hâlde. De lingte is sa'n 12 km en breedte is 1,6 km. It leit op in hichte fan 678 m.

Bysûnderheden

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje