It Kachess-mar (Ingelsk: Kachess Lake) is in natuerlike en boezemmar yn de Amerikaanske steat Washington en is de boarne fan de rivier de Kachess. It hegere part fan de mar leit benoarden in fersmelling en wurdt Little Kachess Lake neamd. De rivier de Kachess rint oan de noardkant yn de mar en yn it suden der wer ta'n út. De Kachess-mar is de middelste fan trije marren benoarden de Interstate 90 en de rivier de Yakima yn it Cascadesberchtme, wêrby't de oare marren de Keechelus-mar en de Cle Elum-mar binne.

Kachess Mar

De Kachess-mar is part fan de Columbia River Basin, it bekken fan de rivier de Kolumbia, mei't de rivier de Kachess in sydrivier fan de rivier de Yakima is en dy op syn beurt wer in sydrivier fan de Kolumbia is.

De mar wurdt brûkt as opslachboezem yn it ramt fan it Yakima Project, in bewetteringsprojekt dat beheard wurdt troch it United States Bureau of Reclamation. Dochs is de Kachess-mar yn it foarste plak in natuerlike mar, wêrfan't de wetterôffier regele wurdt troch de Kachess-daam, in ierden keardaam fan 35 m dy't boud is yn 1912. De mar kin 295.000.000 m³ wetter hâlde. De mar is 15,4 km lang en sa'n 2 km breed en leit op in hichte fan 687 m.

De namme Kachess komt út in Yndiaanske taal en betsjut mear fisk yn tsjinstelling ta Keechelus, dat bytsje fisk betsjut.

Keppeling om utens

bewurkje seksje