Giele luzerneflinter
De giele luzerneflinter (Colias hyale) is in soarte yn it skaai fan de luzerneflinters (Colia).
giele luzerneflinter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Colias hyale | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeIn seldsume trekflinter dy’t yn wikseljende oantallen per jier yn Nederlân sjoen wurdt. De oantallen wurde de lêste jierren minder. Oant juny wurde measte giele luzerneflinters sjoen yn Limburch. Dernei wurde hja mear ferspraat oer it hiele lân oantroffen.
Flinter
bewurkje seksjeDe wjuklingte is likernôch 20 oant 25 mm. De boppekant fan de wjuk is spits mei in donkere tekening. De grûnkleur fan de mantsjes is ljocht grieneftich giel. De Giele Luzerneflinter rêstet noait út mei sprate wjukken.
-
Colias hyale ♂
-
Colias hyale ♂△
Fleantiid
bewurkje seksjeDe earste flinters wurde sjoen yn maaie en juny. De neikommelingen derfan fleane fan july ôf.
Rûp
bewurkje seksjeDe rûpen wurde sjoen fan heal juny ôf. Op plakken dêr't de flinter sjoen wurdt oerwinteret de soarte as healwaaks rûp. De rûp fret fan de Luzerne, Wikje en Klaver.