Cornelis Adriaan Lobry van Troostenburg de Bruyn

Cornelis Adriaan Lobry van Troostenburg de Bruijn (Ljouwert, 1 jannewaris 1857 - Amsterdam 23 july 1904) wie in gemikus.

Cornelis Adriaan Lobry van Troostenburg de Bruyn

Libben en wurk

bewurkje seksje

Hy wie de soan fan Nicolaas Lobry van Troostenburg de Bruijn, arts, en Maria Agneta IJsabella Bergsma. Hy troude 21 july 1887 mei Maria Elisabeth Adriana Simon Thomas. Ut it houlik waarden twa soannen en twa dochters berne.

Lobry van Troostenburg de Bruyn waard grutbrocht yn it hûs fan syn pake en beppe Bergsma op de Friesmastate yn Idaard en gie dêr nei de doarpsskoalle. Yn Ljouwert gie er nei de legere skoalle en fan 1869 oant 1874 nei de HBS. Sûnt 1875 studearre Lobry de Bruyn gemy en promovearre op it proefskrift Verhouding der drie dinitrobenzolen tegenover cyaankalium in alcoholische oplossingen. Dêrnei studearre er op de laboratoariums fan C.A. Wurtz en C. Priedel yn Parys. Nei in jier assistintskip waard er 1885 skiekundige fan de Nederlânske Keninklike Marine yn De Helder. It gie dêrby fral om de keuring fan sjitkatoen foar de torpedotsjinst. Lobry de Bruyn die lykwols ek in soad ûndersikings op organysk en analytysk mêd. Dat late ta it meitsjen fan de kristalline hydroksylamine (1891) en it wetterfrije hydrazine (1894). Hy ferbettere ek it meitsjen fan knalkwik en dat late úteinlik ta de ûntdekking fan de saneamde osaminen.

Yn 1896 waard hy beneamd as heechlearaar yn de organyske en de farmaseutyske gemy oan de Universiteit fan Amsterdam. Mei W. Albarda van Ekenstein krige er it chitosamine as kristalline ferbining en koe fêststelle dat de ferskillende sûkers har yn elkoar omsetten. Hy wurke ek oan de skiekunde fan de kolloïden, hie belangstelling foar technyske fraachstikken (lykas in ûndersyk fan it ûntflammingspunt fan piteroalje, 1896) en wie adviseur wis-, natuer- en skiekundige saken oan it departemint fan Finânsjes.

Om syn wittenskiplike fertsjinsten waard er beneamd ta lid fan de Keninklike Akademy fan Wittenskippen yn Amsterdam (1897).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: