Cornelis Gerritsma

Cornelis (Kees) Gerritsma (Langsweagen, 26 maart 1866 - It Oranjewâld, 16 maaie 1951) wie riedslid en wethâlder foar de frijsinnige Kiezersgroep yn Skoatterlân.[1][2]

Gerritsma waard yn 1895 keazen foar de frijsinnige Kiezersgroep ta riedslid fan de eardere gemeente Skoatterlân. Seis jier letter folge syn beneaming ta wethâlder en dit bleau er oant 1927 ta. Yn de earste trije desennia fan de 20e iuw wie er - ûnder it langduorjende boargemasterskip fan de Hebbe Hebbes - in foaroansteand man yn de gemeenteried fan Skoatterlân. Neist Gerritsma wie ek K. de Jong wethâlder en de libbene debatten tusken beide oer gemeentlike fraachstikken wienen faak tige nijsgjirrich.

Bûten syn wurk foar de gemeente hat er ek in soad dien op lânbougebiet en op it terrein fan wetterskippen en feanpolders. Sa wie hy foarsitter fan de Grutte Sintjansgeaster Feanpolder, fan it Wetterskip "De Untginning" yn Weststellingwerf en fan it Wetterskip "De Skoatterlânske Kompanjonsfeart"; ek deskundich bysitter yn de keamer foar krisissaken fan it Kantongerjocht It Hearrenfean en foarsitter fan de ôfdieling It Hearrenfean fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou. Hy ferstoar yn de âldens fan 85-jier op syn bûten "Woudoord" yn It Oranjewâld (no It Hearrenfean).[3]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berte-akte
  2. Dea-akte
  3. "Kees Gerritsma overleden", Heerenveense Koerier, 17 maaie 1951