Cornelis Douwes van der Weg

(Trochferwiisd fan Cornelis van der Weg)

Cornelis Douwes van der Weg (Hallum, 31 desimber 1834 - Doanjum, 26 jannewaris 1893) wie in Fryske boer, feearts, boargemaster en toanielskriuwer.

Van der Weg wie in soan fan lânbouwer Douwe Jans van der Weg en Sytske Cornelis Slim.[1] Hy learde troch selsstúdzje foar feearts en die dêryn eksamen oan de fakulteit fan de feeartsenijkunde yn Utert. Hie in tal bestjoerlike funksjes. Sa wie hy dykgraaf fan it wetterskip Fiif Dielen Seediken Bûtendyks, sekretaris fan de Frjentsjerter ôfdieling fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou, lid fan de gemeenteried en fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy waard yn 1885 beneamd as boargemaster fan Frjentsjerteradiel en bleau dat oant syn ferstjerren.

Van der Weg skreau ferskate toanielstikken en yn 1893 ferskynde syn hânboek foar de hynstefokkerij. Hy publisearre ek yn de Fryske tydskriften Forjit my net (1881-1889) en Swanneblommen (1886, 1887).

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • 1893 Handleiding voor paardenfokkerij, ten dienste van den Nederlandschen Landbouwer-Paardenfokker. Grins: Erven B. van der Kamp

Toanielstikken

bewurkje seksje
  • 1884 Smids Feikje ef Rjuerdom's Testemint
  • 1885 Jetske de Wees
  • 1886 Pier en Pierkje
  • 1890 Hwa is yens neiste

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW)