Country

muzyksjenre
(Trochferwiisd fan Country (muzyk))

Country of country en western is de sammelnamme foar ferskate muzykstilen fan Amerikaanske muzyk, dy't ûntstien is op it plattelân yn it súdlike part fan de Feriene Steaten en syn woartels yn de Amerikaanske folksmuzyk hat. As regel giet it om in sjongstim dy't begelaat wurdt troch in tal ienfâldige ynstruminten: steelgitaar, fioele en akoestyske gitaar binne de tradisjonele, mar hjoed de dei (2007) wurde ek elektryske gitaar en drums brûkt.

Willie Nelson yn de Chumash Casino Resort yn Santa Ynez, California.

De oarsprong leit yn de smeltkroes fan alle nasjonaliteiten, dy't yn de 18e iuw nei de Nije Wrâld lutsen om dêr in nij bestean op te bouwen. In soad ymmigranten brochten fansels har muzykark mei en nei in wike bodzjen kamen se sneons byinoar om te ûntspannen en muzyk te meitsjen. Dêr leit de oarsprong fan it hjoeddeiske Country en Western.

Utsoarte wiene der muzisy dy't besochten mei har muzikaal kinnen troch de tiid te kommen. Yn earste ynstânsje gong it benammen om dûnsmuzyk. Neist de grutte dûnsorkesten kamen der ek lytsere groepen, de saneamde stringbands, yn in hiel fariearre gearstalling. Der wurdt faak wol by songen, mar selden troch solisten. (Oer it algemien wurdt Roy Acuff sjoen as de earste grutte solo-sjonger yn de countrymuzyk).

In soad artysten waarden bekender troch allerhande radiostasjons. Yn Nashville waard in radiostasjon oprjochte troch in fersekeringsmaatskippij, de National Life & Accident Insurance Company. De ropletters fan it stasjon wiene WSM ("We Shield Millions" = "Wy beskermje miljoenen"). De earste útstjoering wie yn novimber 1925. It wie in streekrjochte útstjoering fan it optreden (mei publyk) fan in fiddler fan 80, dy't de reputaasje hie dat er mear as 1.000 ferskes koe. De oankundigings waarden dien troch George D. Hay, dy't it programma WSM Barn Dance neamde. Soks nei oanlieding fan de National Barn Dance, in soartgelikense sjo, dy't er yn Chicago produsearre hie. It programma waard alle sneonen út in studio op de fyfde ferdjipping fan it kantoar fan de maatskippij wei útstjoerd. Yn 1928 krige it programma (by tafal) fan Hay de namme dy't it no noch hat, Grand Ole Opry. It programma waard och sa populêr en hat in ferskuorrend grutte betsjutting hân foar de ûntjouwing fan de countrymuzyk.

De earste oanset ta de hjoeddeiske countrymuzyk wurdt taskreaun oan Jimmie Rodgers, de Father of Country Music. Hy makke syn earste plaatopname foar Victor Records op 1 augustus 1927 yn Bristol, Virginia. Op de plaat fan Rodgers stiene in sintimintele ballade, The Soldier's Sweetheart en in sliepsankje, Sleep, Baby, Sleep. De plaat hie fuortdaliks in soad súkses en dus waarden yn datselde jier noch mear opnames makke, wêrby de earste fan (lang om let) in searje fan 13 Blue yodels, mei as titel T. for Rexas. Jimmie Rogers wie minnich en stoar al yn 1933 oan tuberkuloaze. Nettsjinsteande dy koarte muzikale karriêre wie er fan grutte ynfloed.

Op deselde dei waarden ek seis nûmers opnommen troch in groep, de Carter Family. Hja ûntjoegen har ta ien fan de groepen mei de measte ynfloed yn dy begjinjierren. Harren lêste opname yn de oarspronklike besetting wie yn 1941 en yn dy fjirtjin jier ha se mear as 250 nûmers op plaat set.

De muzyk, dy't yn de tritiger jierren stal jûn waard, waard och sa populêr en ûntjoech har fansels yn ferskate rjochtings. Ien fan dy rjochtings is de dûnsmuzyk út Texas en Oklahoma, dy't de namme Western swing krige. In mingsel fan (ûnder oare) big band, dixieland en jazz. Bob Wills wurdt sjoen as de wichtichste artyst fan dy styl mei syn band The Texas Playboys.

Yn 1938 kaam Roy Acuff by de Grand Ole Opry en waard al gau in geregelde gast. Hy hie in band, de Tennessee Crackerjacks, dêr't û.o. de dobro mei klam oanwêzich wie. Letter feroare er de namme fan syn band yn de Smokey Mountain Boys. Hy waard al gau in liedende figuer yn de Grand Ole Opry en makke jierren lang út wa't en wat te hearren wie yn de sjo. Op dy wize stjoerde hy foar in part de ûntjouwing fan de muzyk ek. Under syn lieding waarden regels opsteld foar dielnimmen oan de sjo. Sa moast ûnder oaren elke artyst troch in besteand bandlid foardroegen wurde en leden hiene de ferplichting om op syn minst 26 sneonen oanwêzich te wêzen.

Troch de groeiende populariteit fan de sjo waard de studio al gau te lyts foar de tanimmende stream publyk. Der waard útwykt nei in gruttere romte, it Hillsboro Theatre, mar ek dat joech neat. De folgjende lokaasjes wiene it Dixie Tabernacle en it War Memorial Auditorium, dy't ek al gau te lyts waarden. Sels it ynfieren fan in tagonspriis fan 25 sint joech neat. Yn 1943 ferhuzen se nei it Ryman Auditoarium, dêr't de goed 3.000 besikers alle wiken in sitplak fine koene. Dat Ryman Auditoarium mei syn perfekte akoestyk is it ferneamdste thús fan de Grand Ole Opry wurden. Yn 1974 ferhuzen se nei it spesjaal foar de Opry boude Grand Ole Opry House mei 4.400 sitplakken. Dêrútwei wurdt de sjo noch alle wiken útstjoerd. It Ryman Auditoarium wurdt ek noch geregeld brûkt foar bysûndere konserten.

Yn de fjirtiger jierren waard Roy Acuff sá populêr, dat er yn wichtige populêre 'polls' Frank Sinatra fersloech. Der wurdt sein dat Japanske troepen by de oanfal op Okinawa as oanfalsgjalp rôpen: To hell with Roosevelt, to hell with Babe Ruth, to hell with Roy Acuff!.

Yn 1949 kaam Hank Williams op de Grand Ole Opry ta. Hy hie as teenager al bekendheid krigen mei syn groep The Drifting Cowboys en hie in jiermannich meidien mei de Louisiana Hayride fan radiostasjon KWKH. Nei't syn Lovestick Blues in hit wurden wie, waard er Opry-lid. Syn earste optreden, op 11 juny 1949 waard in gigantyske sjo. De sjo moatst ophâlde, om't it publyk him trije kear weromhelle foar Lovestick Blues. Ek foar Hank Williams wie mar in koarte karriêre weilein: hy stoar op Nijjiersdei 1953 op de achterbank fan de auto dy't him nei in Nijjierskonsert yn Canton, Ohio bringe soe. Mar it wie in tige produktive en yndrukwekkende karriêre. As gjin oar wie er yn steat om it drege libben fan de arbeidzjende man yn wurd en muzyk út te byldzjen. Der is sawat gjin inkelde artyst yn de countrymuzyk, dy't net in nûmer fan him op it reperroire hat.

Countrymuzyk wie oant healwei de 20e iuw benammen in Noard-Amerikaanske oangelegenheid. Yn Jeropa krige de country in relative bekendheid troch it opkommen fan westernfilms (mei û.o. Roy Rodgers). Jeropa is as ôfsetmerk lykwols noch net oansputsen. De earste Jeropeeske countryproduksjes (sûnt 1948) steane op namme fan de Flaamske variété-pionier Bobbejaan Schoepen. Fan de ein fan de tritiger jierren ôf brocht er de muzykstyl yn Flaamske doarpen. Fan 1945 oant 1947 foarme er mei syn doarpsgenoat Kees Brug it duo "Two Boys en Two Guitars". Yn 1947 kaam Schoepen yn kontakt mei Jacques Kluger, in manager fan oansjen dy't nei talint fan eigen boaiem socht. Dy seach yn him in goed sjonger en entertener mei takomst en frege him de Amerikaanske en Kanadeeske groepen te fermeitsjen dy't ynset wiene by de Prosessen fan Neurenberg, Frankfurt en Berlyn. Hy krige dêrta in kontrakt fan trije moanne, wat de countrykant yn him stimulearje soe. Yn 1948 wurde de earste platen útbrocht yn Belgje en Nederlân, fan 1954 ôf ek yn Dútslân, Eastenryk en Frankryk. Bobbejaan Schoepen hat foar 't neist ek de earste Jeropeaan (Grut-Brittanje net meirekkene) west dy't yn de Grand Ole Opry optrede. Yn 1953 trije kear, ûnder oare mei countrystjer Roy Acuff (1903-1992). Der kaam ek in optreden mei countrysjonger Red Foley (1910-1968) yn Springfield, Missouri. Yn 1957 sette er wer nei New York, dêr't er frege wie yn de TV-sjo fan de bekende presintator Ed Sullivan. Hy naam platen op mei de band fan Elvis, dêr't er de RCA-studio's mei dielde. De reputearre manager Steve Sholes fan RCA-records bea him in kontrakt oan om ûnder de namme Bobby John trije moanne lang alle radiostasjons yn de Feriene Steaten ôf te reizgjen. Mar Schoepen, dy't al tsien jier lang oars net as op toernee wie en yn Jeropa kontraktuele ferplichtings hie, socht sa njonkelytsen in fêst plak (it lettere Bobbejaanlân). Hy besleat de súksesformule oer it grutte wetter net fuort te setten. Tsjin de jierren sechstich oan stie er op nûmer ien yn Eastenryk mei de country-parody "Ich steh an der bar" (A Pub With No Beer fan Gordon Parsons). It nûmer stie 30 wiken lang yn de Dútske top en waard yn Flaanderen in evergreen. De Amerikaanske countrysjonger Tex Williams (grûnlizzer fan de swing country) brocht yn 1974 yn de Feriene Steate in kopy (cover) út fan syn Fire and Blisters. Schoepen trede by gelegenheid ek op yn klubs yn Los Angeles, mei Nudie Cohn, Roy Rogers en Tex Williams. De Amerikaanske countrysjonger Jimmy Lawton fêstige him yn dy tiid troch Bobbejaan Schoepen foarfêst yn Belgje. Hy wie in tal jierren útbater fan in countryhal yn Bobbejaanlân, mar soe him benammen talizze op countrytoernees yn ferskate Jeropeeske lannen. Boppejaan Schoepen en Jimmy Lawton binne noch hieltyd aktyf dwaande mei de produksje fan countrymuzyk.

Ek wol 'alternative country' neamd, yn de sechstiger en santiger jierren countryrock. Under ynfloed fan pop/rockbands lykas The Byrds en artysten as Gram Parsons en Neil Young lieten oare popartysten har hieltyd mear beynfloedzje troch de tradisjonele countrymuzyk. De idealisearre earlikens fan it plattelânslibben en it uterjen fan 'echte' emoasjes en libbensûnderfiningen paste goed by de tiidsgeast fan de sechstiger en santiger jierren. De gauris konservative teksten fan de orizjinele country waarden ferfongen troch teksten dy't better by de idealen fan de nije generaasje singer-songwriters pasten. Sûnt de njoggentiger jierren fan de 20e iuw binne der in soad nije artysetn bykommen dy't (alternative) rock kombinearren mei autentike country-eleminten: ûnder oare The Jayhawks, Will Oldham en Lucinda Williams.