Dûkelpjut
Dûkelpjut (Sparganium natans) is in wetterplant út de dûkelfamylje (Sparganiaceae).
dûkelpjut | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sparganium natans | ||||||||||||
Linnaeus, 1753 | ||||||||||||
De dûkelpjut is in seldsume plant, dy't sûnt de jierren 1950 jimmeroan efterút gyng en tsjintwurdich op de Nederlânske Reade list fan planten stiet. Yn Fryslân is de plant lykwols op ferskillende plakken op 'e nij ûntdutsen.
De plant wurdt 10 oant 100 sm heech en komt yn ûndjip, skjin wetter foar. De plant hat ûnfertûke stâlen mei smelle en (oars as by oare dûkelsoarten) oan beide kanten flakke blêden, dy't foar in part driuwe, mar ek rjocht op stean kinne. De bloeitiid is fan juny oant yn augustus mei wytgiele blommen.
Plakken dêr't de plant yn Fryslân foarkomt of wer ûntdutsen is binne û.o. de Sweagermieden, de Twizelermieden, de Droegehamstermieden, de Ychtenerfeanpolder en Rottige Meente. Ek yn oan Fryslân grinzgjende natoergebieten lykas De Wieden en De Weerribben nimt it tal planten fan de dûkelpjut ta.
Oare yn Nederlân foarkommende planten fan de dûkelfamylje binne de driuwdûkel, de grutte dûkel en de lytse dûkel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|