Monarchflinter

(Trochferwiisd fan Danaus plexippus)

De monarchflinter (Danaus plexippus) is in soarte yn it skaai fan de monarchflinters (Danaus).

monarchflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai monarchflinters (Danaus)
soarte
Danaus plexippus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De monarchflinter hat mar in pear populaasjes yn it suden fan Jeropa. Hy is ferneamd wurden om syn trekneigingen en kin as seldsume gast yn de kuststreken fan noardwest-Jeropa sjoen wurde. De populaasjes lizze op waarme oant tige waarme drûge plakken lykas eroazjeslinken. De flinter komt ek wol foar yn tunen en parken. De populaasjes binne lyts en libje yn 'e lânbougebieten. Se wurde mei útstjerren bedrige troch it gebrûk fan herbisiden en ynsektisiden, brânen en it stoarten fan ôffal.

 
De rûp fan de Monarchflinter

De flinter fljocht fan begjin april oant ein septimber. Se fleane yn ferskillende generaasjes.

Yn Spanje wurde aaikes ôfsetten op de Ascepias curassavica, op de Kanaryske Eilannen ek op de Gomphocarpus fruticosus. De flinters plantsje harren yn meardere generaasje fuort.