Beintemapoldermûne

(Trochferwiisd fan De Beintemapoldermole)

De Beintemapoldermûne is in poldermûne by de buorskip Beintemahûs, likernôch 2,5 km noardlik fan it doarp Westergeast yn de gemeente Noardeast-Fryslân .

Beintumermûne
mûne / mole
De mûne yn 2022
De mûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Westergeast
adres Beintemawei 8
koördinaten 53° 19' N 6° 04' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk bemealling Beintemapolder
flecht 14,16 meter
boujier 1870
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 23768
Webside
St. De Fryske Mole
Kaart
Beintemapoldermûne (Fryslân)
Beintemapoldermûne

Skiednis bewurkje seksje

De Beintemapoldermûne waard yn 1870 boud foar it bemeallen fan de Beintemapolder, dêr't it measte lân eigendom wie fan in geslacht mei deselde namme. De mûne dy't dy polder earder bemealde baarnde yn 1869 ôf. De eigeners fan de polder waarden it net iens oer de lokaasje fan in nije mûne, wêrnei't se besleaten om op trije ferskillende plakken yn de polder nije mûnen te bouwen. De Beintemapoldermûne wie de meast westlike dêrfan en is de ienige fan dy trije mûnen dy't oerbleaun is.

De mûne ferlear syn funksje yn 1950 oan in yn dat jier boud elektrysk gemaal. Yn it earstoan soe de Beintemapoldermûne doe sloopt wurde, mar dit waard ferbean. In fersyk om ûntheffing fan dat sloopferbod yn 1963 waard net honorearre. By in restauraasje yn 1968 waard de houten beklaaiïng fan de mûne ferfongen troch reid. Yn 1980 waard de Beintemapoldermûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him yn 1988 opnij restaurearje liet. De mûne is noch altyd mealree, mar allinnich yn sirkwy.

Beskriuwing bewurkje seksje

De Beintemapoldermûne is in houten, achtkante muonts mei stiennen fjildmuorren en dekt mei reid. De wjukken binne Aldhollânsk ophekt en hawwe in flecht fan 14,16 meter.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

wikipedy