De Dinnebeam, yn it oarspronklike Deensk: Grantræet, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1844, as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr: Anden Samling ("Nije Mearkes: Oarde Samling"), yn 'e mande mei ien oar mearke (De Sniekeninginne). De Dinnebeam is in teltsje dat de swiersettige kant it neist is, en it is net ien fan Andersen syn bekendste mearkes, mar dochs waard it yn 1943 troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

De Dinnebeam
algemiene gegevens
oarspr. titel Grantræet
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1844, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel Nye Eventyr: Anden Samling
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Dinnebeam
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

It mearke ferhellet oer in jonge dinnebeam dy't yn it wâld stiet, mar ûntefreden is oer syn behindich statuer. Hy leit him der fûleindich op ta om grutter te groeien, want hy wol wêze lykas de grutte dinne- en spjirrebeammen om him hinne. As de boartsjende bern sizze fan "Och, wat in aardich lyts beamke!" of as der in hazze oer him hinne springt, is him dat raar yn 'e wei. Sadwaande is er net by steat om simmerdeis te genietsjen fan 'e sinneskyn, of fan 'e snie-oerdutsen stilte yn it wâld by 't winter.

Nei ferrin fan in pear jier is er sa lyts net mear, mar as er dan sjocht hoe't âldere beammen omkappe en fuortsleept wurde, en in earrebarre him ferteld dat de lju dêr mêsten foar op sylskippen fan meitsje sille, langet er dernei om sels ek oer de seeën swalkje te kinnen. By 't hjerstmis, as der lytsere beammen kappe wurde, fertelle de mosken him dat dy by de lju yn 'e hûs helle wurde om optûgd te wurden mei slingers, ferguldene apels, kjerskes, boartersguod en snobbersguod. Dan longeret er derop dat him dat ek barre mei.

 
In yllústraasje by it mearke troch Vilhelm Pedersen.

Hy docht noch mear syn bêst op te groeien, en it jiers dêrop wurdt er yndie omhoud en meinommen. Hy wurdt yn 'e hûs helle en optúgd krekt sa't de mosken it him ferteld hiene, en mei de kryst wurde de kjerskes oanstutsen en meie de bern him ûntdwaan fan boartersguod en snobbersguod. Mar it hiele hoart sit de beam deroer yn dat er dy gefaarlike kjerskes ris falle litte kinne soe, dat hy trillet der suver oer.

De oare deis nimt er him foar om him gjin soargen mear te meitsjen, mar der no echt fan te genietsjen, mar it is te let: hy wurdt út 'e hûs dien en nei in rommelsouder brocht, dêr't er yn in fergetten hoekje delklapt wurdt. De beam is iensum en teloarsteld, en as der mûzen komme, fertelt er dy oer syn libben en oer wat er mei de kryst belibbe hat. De mûzen helje oaren op om syn ferhalen te hearren, mar in pear rotten litte syn teltsjes sa ôfrinne dat ek de mûzen net mear nei him omsjogge.

As it maityd wurdt, en de beam ferkleure en ferwile is, wurdt er fan 'e souder helle en yn nei de tún tabrocht, dêr't er yn stikken kappe wurdt. Dan wurdt er as baarnhout opbrûkt yn 'e iepen hurd, en eltse plof dy't er makket yn it fjoer is yn wurklikheid in melankelike sucht.

Andersen hie al earder mearkes skreaun dy't gjin lokkich ein hiene, lykas De Lytse Wetterfaam en De Krigele Tinnene Soldaat, mar De Dinnebeam wie syn earste ferhaal dêr't echt pessimisme út spriek. Neffens Anderesen syn biograaf Jackie Wullschlager stiet de dinnebeam symboal foar Andersen sels, dy't in man wie fan it soarte dat nea gelokkich wêze kin mei wat er hat, mar ynstee altyd longeret nei wat grutters of betters, en dan neitiid spyt hat dat er net genoaten hat fan wat him dan in prachtige tiid taskynt.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.

sekundêre boarnen:

  • Wullschlager, Jackie, Hans Christian Andersen: The Life of a Storyteller, Chicago, 2002 (University of Chicago Press), ISBN 0 22 69 17 479.