De Eed fan Kolvillág
De Eed fan Kolvillág, yn it oarspronklike Frânsk: Le Serment de Kolvillág, is in roman fan 'e Joadsk-Amerikaanske skriuwer, heechlearaar, polityk aktivist, Nobelpriiswinner en holokaustoerlibbene Elie Wiesel (1928). De tiidleaze likenis oer de Joaden en harren ferfolgers, dy't troch Wiesel op in tige non-lineêre, fragmintaryske, suver surreälistyske wize útwurke is, ferhellet fan in anty-joadske pogrom yn 'e jierren tweintich fan 'e tweintichste iuw, en fan it libben fan 'e iennichste oerlibbene dêrfan. Le Serment de Kolvillág waard foar it earst útjûn yn 1973. Yn 2005 waard it oerset yn it Frysk, mar dy fertaling is spitigernôch nea útjûn.
De Eed fan Kolvillág | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Le Serment de Kolvillág | |
auteur | Elie Wiesel | |
taal | Frânsk | |
foarm | roman | |
sjenre | holokaustliteratuer | |
1e publikaasje | 1973, Parys | |
oarspr. útjwr. | Éditions du Seuil | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Eed fan Kolvillág | |
publikaasje | [net útjûn] | |
oersetter | Jacobus Knol |
Ynhâld
bewurkje seksjeAs yn 'e tweintiger jierren fan 'e tweintichste iuw yn it (fiksjonele) Hongaarske plakje Kolvillág in kristlike jonge ferdwynt, wurdt de pleatslike Joadske mienskip al rillegau beskuldige fan rituële moardpraktiken. De spanning kin men suver fiele en taaste, en in pogrom driget. Dan komt in bûtengewoane man fanwegen, Moshe de Dreamer, in mystikus of in gek, dy't in falske bekentenis fan moard ôfleit yn in fergees besykjen om it ûnheil fan syn folk ôf te kearen. De Joadske mienskip komt gear om syn lêste wurden oan te hearren, en dêrmei freget er harren om stil te hâlden wat der yn Kolvillág bard is en nea mei lykfolwa te praten oer de dagen en nachten fan eangstme. Alle oanwêzigen lizze dêrop in eed ôf om har oan syn fersyk te hâlden.
Mar de hate tsjin 'e Joaden is te grut, en Moshe syn selsopoffering kin it tij net mear keare. Der fynt in pogrom plak wêrby't de hiele Joadske mienskip ôfslachte wurdt. Der is mar ien oerlibbene, en dat is de jongeman Azriel. Fyftich jier lang hâldt dy him oan syn eed en praat er mei nimmen oer wat der yn dy lêste dagen yn Kolvillág foarfallen is. Mar op in stuit moetet er in jongeman dy't op it punt stiet om himsels tekoart te dwaan en beseft er dat inkeld syn ferhaal oer Kolvillág him rêde kin. Dan botst syn eed oan 'e deaden frontaal mei syn plicht oan 'e libbenen.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeYn 2005 is Le Serment de Kolvillág troch Jacobus Knol fan Dokkum oerset yn it Frysk, ûnder de titel De Eed fan Kolvillág. Spitigernôch koed er der gjin útjouwer foar fine, dat Knol hat de oersetting inkeld foar himsels printsje en ynbine litten, mar hy is nea yn 'e hannel kommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |