De Iendracht (Eanjum)

(Trochferwiisd fan De Eendracht (Eanjum))

De Iendracht (offisjeel: De Eendragt) is in stellingmûne yn Eanjum út 1889. De achtkante boppekruier wie yn gebrûk as nôt- en pelmûne.

De Iendracht
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Eanjum
adres Mûnebuorren 18
koördinaten 53° 22'N 6° 07'E
bysûnderheden
type mûne nôt- en pelmûne
funksje stellingmûne
flecht 22,06-22,46 meter
boujier 1889
oare ynformaasje
eigner St. Monumintebehâld Noardeast-Fryslân
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31556 [1]
Webside
Side Anjumer mûne
Kaart
De Iendracht (Fryslân)
De Iendracht

By de bou fan de mûne waarden ûnderdielen fan twa sloopte mûnen út Ljouwert brûkt. De mûne krige letter in 40 pk Kromhout gloeikopmotor om ek by wynstil waar mealle te kinnen.

De stellingmûne waard yn 1965 bûten gebrûk steld en yn 1967 troch de doetiidske gemeente Eastdongeradiel oernaam. In restauraasje folge yn 1971. Yn 1994 waard de mûne oerdroegen oan de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel, tsjintwurdich de Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân.

Ein juny 2008 joech de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed 96.340 euro foar in restauraasje fan De Iendracht.[2] Ein 2011 binne de potroeden restaurearre.

De mûne wurdt no brûkt as TIP-kantoar (Toeristysk Ynformaasje Punt) en mûnemuseum.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed
  2. RACM, Persbericht 30 juni 2008 - Molens krijgen 11 miljoen euro restauratiesubsidie (kopie)