De Eumeniden, yn it oarspronklike Aldgryksk: Εὐμενίδες, Eumenides (wat yn 'e Grykske mytology goede geasten wiene), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aiskylos of Aeschylus525455 f.Kr.). It is in trageedzje wêryn't ferhelle wurdt hoe't de god Apollo Orestês nei it plak ta bringt dêr't er berjochte wurdt troch de goadinne Atene foar de moard op syn mem Klytemnêstra. De Eumeniden heart ta de toanieltrilogy Oresteia, dêr't it it lêste diel fan foarmet. Yn 'e mande mei de oare beide dielen wûn it by de jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus yn 458 f.Kr. de earste priis. It stik waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.

De Eumeniden
algemiene gegevens
oarspr. titel Εὐμενίδες
auteur Aiskylos
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 458 f.Kr.
1e opfiering 458 f.Kr., Atene
rige
rige Oresteia
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Eumeniden
publikaasje (net útjûn)
oersetter Klaas Bruinsma

Nei't er syn mem Klytemnêstra deade hat as wraak foar har moard op syn heit Agamemnon, wurdt Orestês tramtearre en opjage troch de Fueryen, de ierdgoadinnen dy't yn 'e Grykske mytology misdieden as matriside en patriside bestraffe. Hy siket beskûl yn 'e nije timpel fan Apollo te Delfy. De god, dy't him net behoedzje kin foar de ûnfersoenlike grime fan 'e Fueryen, stjoert him ûnder begelieding fan 'e god Hermes nei Atene ta, wylst er in betsjoening fan sliep oer de Fueryen leit om dy op te hâlden. Mar Klytemnêstra har geast ferskynt yn in dream oan 'e wraakgoadinnen, en fiteret harren oan om 'e jacht op Orestês net te ferslûgjen. Dêrtroch wurde de Fueryen wer wekker en nimme se de ferfolging wer op. Yn Atene komme se Orestês einlings oer it mad; se spoare him op troch de rook fan it bloed fan syn mem te folgjen, dy't syn hannen ôfjouwe. As se him yn it each krije, slute se him yn, en yn deadseangst en smeekbea klammet er him fêst oan in byld fan 'e goadinne Atene.

 
Orestes Wird von dem Furien Verfolgt, in skilderij fan William-Adolphe Bouguereau.

Op dat stuit grypt Atene yn. Hja bringt in sjuery fan alve Ateners gear om oer Orestês te oardieljen. Apollo ferfollet dêrby de rol fan abbekaat, wylst de Fueryen foar de fermoarde Klytemnêstra sprekke. Under de berjochting praat Apollo Atene oan dat yn it houlik de man wichtiger is as de frou; dat docht er troch him op har berte te beroppen (neffens de Grykske mytology soe de goadinne Atene inkeld oan it ferstân fan har heit, de oppergod Seus ûntspruten wêze, sûnder dat der in frou oan te pas kaam). Trochdat Atene dan foar frijspraak stimt, hâlde de stimmen dy't de sjuery útbringt foar skuldich en ûnskuldich inoar yn lykwicht. Om't Atene yn 't foar sein hie dat yn sa'n gefal de beklage frijút gean soe, wurdt Orestês frijsprutsen. Dêrnei set de goadinne útein mei it oerheljen fan 'e Fueryen om 'e útspraak te akseptearjen, wat har, nei lang op harren ynpraat te hawwen, úteinlik slagget. De wraakgoadinnen sille tenei, fanwegen harren bûgen foar it rjocht, yn Atene fereare wurde (mei't hja no eumeniden, goede geasten, wurden binne), en de goadinne Atene ferklearret dat yn it ferfolch de beklage altiten frijsprutsen wurde sil as de sjuery net ta in mearderheidsútspraak komme kin, mei't genede altiten foarrang krije moat boppe ûnmeilydsumens.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting fan De Eumeniden waard foar 't neist yn 'e njoggentiger jierren makke troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't teffens ferantwurdlik is foar de Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee en fan alle sân oerlevere trageedzjes fan Sofoklês. Yn in fraachpetear mei Abe de Vries, ta gelegenheid fan it ferskinen fan 'e Fryske Ilias en Odyssee, yn 2004, fertelde Bruinsma dat er ek de "de trilogy oer de Oresteia" yn it Frysk oerset hie.[1] Yn 'e katalogus fan Tresoar is lykwols inkeld it earste diel, Agamemnon, werom te finen, dat De Eumeniden en it middelste diel, De Offerplingsters, lizze spitigernôch wierskynlik noch earne by Bruinsma thús yn in laad te stofgarjen. It is dan ek net alhiel dúdlik wannear't de oersetting krekt makke is, mar mei it each op it feit dat de fertaling fan Agamemnon út 1993 is, sil De Eumeniden foar 't neist út datselde jier of fan koart dêrnei datearje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Vries, Abe de, It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk.

Boarnen

  • Vries, Abe de, It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk, 2004: (fraachpetear).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.