De Fûgelkrite
De Fûgelkrite is in wenwyk oan 'e noardeastrâne fan de Fryske stêd Boalsert. De wyk grinzget oan de wiken Eekwert en Hartwerter Feart.
De Fûgelkrite | ||
polityk | ||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Stêd | Boalsert |
De kearn fan de wyk is de argeologysk en kultuerhistoarysk weardefolle terp en âld pleats Grut Equert. De njonkenlizzende wyk Eekwert is dêr lykwols nei neamd. Yn 'e 1990-er jierren waard mei de bou fan de Fûgelkrite úteinset dy't yn 'e iere 2000-er jierren dien kaam.
De wyk is rom opset mei de mooglikheid oan it wetter te wenjen. De wenten besteane benammen út frijsteande wenten en dûbelwenten.
De wyk hat syn eigen buertferiening: Wykferiening De Fûgelkrite
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Wiken en buerten yn de stêd Boalsert | ||
---|---|---|
Buerten: Altenburch • Binnenstêd • Eekwert • De Fûgelkrite • Hartwerter Feart • Hollandiabuert • Parkplan • Noard • Súd | ||
Buorskip: Laerd en Saerd | ||
· · |