Hollandiabuert
De Hollandiabuert is in wenwyk yn de Fryske stêd Boalsert en is neamd nei de âlde namme fan de suvelfabryk njonken de buert. De wyk wurdt rûchwei begrinzge troch it Yndustrypark Wytmarsumer Feart yn it noarden, de stedsgrêft yn it noardeasten, it Krúswetter yn it easten, de A7 yn it suden en de N359 yn it westen.
Hollandiabuert | ||
Lokaasje fan de Hollandiabuert yn Boalsert | ||
polityk | ||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Stêd | Boalsert | |
sifers | ||
ynwennertal | 380 (2022)[1] | |
oerflak | 0,25 km² | |
befolkingstichtens | 1.520 ynw./km² |
De buert waard waard oan 'e ein fan de 19e iuw boud as arbeidersbuert fan de suvelfabryk Hollandia. De buert wie de earste útwreidingswyk fan Boalsert bûten de stedsgrêften. De buert wurdt dan ek skaaimerke troch typyske 19e iuwske arbeiderswenten. De wyk bestiet oan 'e west en súdkant út yndustrypark De Wymerts mei niisneamde suvelfabryk dat hjoed-de-dei troch Hochwald Foods GmbH beheard wurdt. Tusken de wenbuert en yndustryterrein De Wymerts is in romtlike skieding.
De wyk hat syn eigen buertferiening: De Blauwpoort.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Wiken en buerten yn de stêd Boalsert | ||
---|---|---|
Buerten: Altenburch • Binnenstêd • Eekwert • De Fûgelkrite • Hartwerter Feart • Hollandiabuert • Parkplan • Noard • Súd | ||
Buorskip: Laerd en Saerd | ||
· · |