De Feniks (Marrum)
De Feniks is een poldermûne by it doarp Marrum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
De Feniks | ||
mûne / mole | ||
De Feniks yn 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Marrum | |
adres | Nijewei 4-A | |
koördinaten | 53° 19' N 5° 49' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
oarspr. gebrûk | Bemeallen polder Ferwert | |
flecht | 21,40 meter | |
boujier | 1917 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting De Fryske Mole | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15602 | |
Webside | ||
Side De Fryske Mole | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Feniks waard yn 1917 boud foar it bemeallen fan de polder 'Ferwert' as ferfanger fan de earste mûne út 1845, dy't yn de simmer fan 1916 as gefolch fan bliksemynslach ôfbaarnde. De Feniks waard gearstald út ûnderdielen fan in sloopte houtseachmûne mei deselfde namme út Ljouwert.
Oant likernôch 1970 bleau de mûne yn gebrûk. Sûnt 1976 is de mûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole. By de restauraasje fan de mûne yn 1977 krige de Feniks nije roeden, wêrby't de selsswichting ferfongen waard troch Aldhollânsk hekwurk. De mûne waard yn 1997 foar it lêst restaurearre.
De Feniks is net mear oansluten op de Fryske boezem, mar noch wol mealree yn sirkwy. De Feniks wurdt ek brûkt as lesmûne foar it 'Gild Fryske Mounders' en kin op ôfspraak besichtige wurde.
By te min wyn koe sûnt 1945 in diselmotor meihelpe. De diselmotor is noch jimmeroan oanwêzich en waard yn 2016 tagelyk mei it ferfangen fan de houten fizel fan de mûne troch in stalen fizel ek neisjoen.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Feniks is in grutte muonts. It houten achtkant is reiddutsen en stiet op stiennen fjildmuorren. De flecht fan de wjukken is 21,50 meter.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Moledatabank, Databank fan Ferdwûne Mûnen yn Nederlân - 'De Boer/De Hersteller/De Phenix, Ljouwert'
- Molendatabase - 'Marrum, De Phenix'
- De Hollandsche Molen - 'De Phenix te Marrum'
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|