De Goes (mole)
De Goes (ek De Guos) is in poldermûne tichtby de buorskip Iezumasyl yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
De Goes | ||
mûne / mole | ||
De mûne yn 2019 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Eanjum-Iesumasyl | |
adres | Esonbuorren 7 | |
koördinaten | 53° 20'N 6° 08'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 10,60 meter | |
boujier | 1850 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Monumintebehâld Noardeast-Fryslân | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31571 [1] | |
Webside | ||
St. Monumintebehâld NE-Fryslân | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Goes, in mealreeë muonts, dy't sawat in kilometer súdwestlik fan Iesumasyl oan de Suder Ie stiet, waard om 1850 hinne yn opdracht fan in pleatslike boer foar it bemeallen fan de Guozzepolder binnendyks boud. De houten achtkante mûne mei lege stiennen fjildmuorren is dekt mei fertikale houten dielen en hat in flecht fan 10,60 m.
De mûne ferlear syn funksje yn 1962 nei de ruilferkaveling fan dit gebiet. Trije jier letter waard de Goes oankocht troch de eardere gemeente East-Dongeradiel, dy't him yn 1970 restaurearje liet. Dêrby ferdwûn de selsswichting, dy't de mole foarhinne op beide roeden hie. Yn 1988 krige De Goes in nije as fan getten izer.
De mûne, yntiids eigendom fan de Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân, is net te besichtigjen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|