De Gratama
De Gratama is in Fryske kultuerpriis fan de gemeente Smellingerlân.
De Gratama | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Frysk | |
útrikt foar | Fryske kultuer | |
útrikt troch | gemeente Smellingerlân | |
frekwinsje | om de 3 jier | |
plak | De Lawei | |
1e útrikking | 1997 |
De priis wurdt sûnt 1997 útrikt oan in persoan of ynstânsje dy't him bûtengewoan fertsjinstlik makket op kultureel maatskiplik gebiet yn Fryslân. De Gratama is neamd nei de Fryske sjonger en akteur Rients Gratama. De priis bestiet út in jildbedrach en in byldsje, in weetkerrel fan brûns ûntwurpen troch de Drachster keunstner Jan Ketelaar. Eardere winners binne Rients Gratama, Jos Thie, Peter Tuinman en Jan de Haan.
Akteur Rutger Hauer krige De Gratema yn 2009 omdat de woartels fan syn fak yn Fryslân lizze. Hy spile yn it begjin fan syn karriêre yn produksjes fan it Drachtster toanielselskip Noorder Compagnie.
Koreografe en dûnsdosinte Grietine Molenbuur krige yn de Gratama yn 2012 foar har rol yn de ûntwikkeling fan dûns yn Fryslan, benammen by de ûntwikkeling fan jong talint lykas by de JDOF, de Jeugd Dans Opleiding Fryslân, en by de MBU-dûns fan D'Drive fan it Friesland College.
Yn 2018 gie De Gratema nei 'potsemakker' en byldhouwer Jan Ketelaar. Yn 2022 gie de priis foar de earste kear nei twa persoanen. Freark Smink en Klaasje Postma krigen de Gratama mei foar it grutte tal stikken dat se yn it Frysk spilen. Die giene faak oer werkenbere ûnderwerpen út de Fryske kultuer en de Fryske histoarje.
List fan priiswinners
bewurkje seksje- 1997 - Rients Gratama
- 2003 - Jos Thie
- 2006 - Jan de Haan
- 2009 - Rutger Hauer
- 2012 - Grietine Molenbuur
- 2015 - Klaas van der Woude
- 2018 - Jan Ketelaar
- 2022 - Freark Smink en Klaasje Postma