De Havik is in mûne op it doarpsgebiet fan it Noard-Hollânske doarp Grootschermer (Grutskermer).

De Havik
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
plak Grootschermer
adres Haviksdijkje 10
koördinaten 52° 35'N 4° 51'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 25,25 m
boujier 1576
werbou 1861
oare ynformaasje
eigner partikulier
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33086
Kaart
De Havik (Noard-Hollân)
De Havik

Eartiids bemealle de mûne mei De Bul, De Westermolen en De Knevelaar de likernôch 2100 hektare grutte Eilânspolder op 'e Skermerboezem. Fan 'e fjouwer mûnen hie De Knevelaar by Súdskermer de âldste papieren en dy waard al yn 1562 boud (en yn 1625 as grutte binnenkruier werboud). De Bul en De Havik waarden tsjin 'e ein fan 'e 16e iuw oan 'e Delft by De Ryp boud en de Westermolen by Trijehûzen folge yn 'e twadde helte fan 'e 17e iuw nei de drûchmakking fan noch in pear markes yn 'e polder.

Yn 1861 ferhûze De Havik fan syn âlde plak oan 'e Delft nei de noardwest hoeke fan 'e polder. Sûnt 1864 hiene de mûnen yn 'e Eilânspolder in skroef, útsein De Knevelaar, dy't noch jimmeroan mei in skeprêd wurke. De Havik ferhûze yn 1861 fan syn âlde plak oan 'e Delft nei de noardwestlike hoeke fan 'e polder en op syn âlde plak waard yn 1874 in stoomgemaal boud. Nei de iepening fan it gemaal waard De Bul yn septimber 1876 foar de ôfbraak ferkocht.

Mei in ferbouwing yn 1918 fan it stoomgemaal en de tarissing fan it gemaal mei elektrysk oandreaune sintrifugaalpompen, waarden ek de oare mûnen fan 'e Eilânspolder oerstallich. De Knevelaar waard yn 1919 ôfbrutsen, wylst de Westermolen en De Havik ûnttakele waarden en as wente stean bleaune.

Nei 1963 waard De Havik troch in nije eigner útwindich restaurearre. Tsjin 'e ein fan 'e jierren 1970 draaide de mûne ek wer út en troch, mar mei't de wynpeul op 't lêst minder waard, fersakke it wjukkekrús en wie de mûne langer net draaifeardich. Healwei 2016 krige de mûne wer in nije wynpeul en yn jannewaris 2017 waarden ek nije roeden stutsen. Yn 'e maitiid fan 2017 draaide de mûne sûnt in hiel skoft wer foar it earst. It âlde reiden tek fan 'e mûne út 1964 waard yn 2022 ferfongen.

De Havik is in reiddutsen, achtkante muonts mei in flecht fan 25,25 m. De mûne is draaifeardich, mar ferlear it geande wurk foar it grutste part al yn 1919. De mûne hat Ald-Hollânske wjukken en it kruiwurk giet op houten rollen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: