De Hoop (Sumar)
De Hoop is in mealreeë nôtmole yn it doarp Sumar, dat besuden Burgum leit yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It is in houten achtkante mole, dekt mei reid, op stiennen ûnderbou. De mûne hat in flecht fan 21,00 meter en in stellinghichte fan 7,80 m.
De Hoop | ||
![]() | ||
De Hoop yn 2021 | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Mounepaed 21 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Nôtmûne | |
boujier | 1882 | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 35683 [1] | |
webside | Side 'De Hoop' |
De Hoop waard yn 1882 boud as ferfanger fan in út 1867 datearjende nôt- en pelmole, dy't yn 1881 troch brân ferwoaste waard. Underdielen fan de môle soenen komme fan in nôt- en pelmole yn Koatstertille. De Hoop, dy't doe noch in pelynrjochting hie, wie oant 1947 yn bedriuw, al wie hy doe al frijwat yn ferfal. De binnenroede hat lang selsswichting hân, mar hat no lykas de bûtenroede in âldhollânsk wjuksysteem.
Yn 1964 waard de mole oankocht troch de gemeente, dy't him yn 1966-1967 yngeand restaurearje liet. Dit barde nochris yn 1992-1993. De Hoop is op sneon te besichtigjen.
Sjoch ekBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
- Website De Hoop
- Stifting Behâld Monuminten yn de gemeente Tytsjerksteradiel
- Moledatabank - Sumar (Suameer), De Hoop
- De Hollandsche Molen - De Hoop yn Sumar
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|