De Ikker (Burgum)
De Ikker is de eardere Grifformearde en tsjintwurdich PKN-tsjerke fan Burgum. Njonken De Ikker hat de protestantske gemeente noch in tsjerke: de eardere Herfoarme Krústsjerke.
De Ikker | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Tytsjerksteradiel | |
plak | Burgum | |
adres | Bulthuissingel 5 | |
koördinaten | 53° 11' N 5° 59' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Arsjitektenburo Van der Tas, Drachten | |
boujier | 1976 | |
Webside | ||
Side fan de gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis gemeente
bewurkje seksjeDe earste tsjerke
bewurkje seksjeOp 24 april 1850 fûn yn Burgum de Ofskieding plak. Der waard ûnder drege omstannichheden útein set mei noch gjin 20 leden. It earste tsjerkje fan 'e gemeente kaam oan 'e noardlike kant fan Tuskendiken, net fier fan de krusing mei de wei fan Burgum nei Quatrebras te stean en waard op 8 desimber 1850 yn gebrûk nommen. De earste dûmny wie de letter nei Michigan ferfearne S.H. Baron, dy't út Ferwert wei beroppen waard en as traktemint 500 gûne yn 't jier krige mei yn 'e hjerst in fette baarch. Alhoewol't it tal leden ynearsten mar lyts wie, siet de tsjerke regelmjittich fol. It tal leden naam stadichoan ta, want it wie yn dy tiid net maklik om te brekken mei de Herfoarme tsjerke.
Nije tsjerke yn Burgum
bewurkje seksjeDe leden fan 'e Grifformearde tsjerke fan Burgum kamen net allinne fan it doarp, mar ek út de fiere omkriten wei. Doe't der yn 1871 plannen wiene om in nije tsjerke yn it sintrum fan Burgum te bouwen, betsjutte dat foar de leden út Feanwâldsterwâl, Feanwâlden en Kûkherne in noch langere tsjerkegong en guon fersochten dêrom om de gemeente op te splitsen yn twa gemeenten. It âlde tsjerkje oan Tuskendiken mocht stien foar stien ôfbrutsen wurde om it yn Feanwâldsterwâl foar de nije gemeente wer op te bouwen. Op 24 maart 1872 waard de nije Burgumer tsjerke op it hjoeddeiske plak iepene. Al gau hie it neogotyske bouwurk lykwols lêst fan statyske problemen. De toer fan 'e tsjerke fersakke en moast dêrom al yn 1896 sloopt wurde.
Yn 'e jierren 1930 waard de tsjerke te lyts foar de groeiende gemeente. Sels nei't de tsjerke in grut tal leden ferlear troch de stifting fan in Grifformearde tsjerke yn 1939 yn Noardburgum groeide de Burgumer gemeente troch. De tsjerke bleau te lyts, mar de Twadde Wrâldkriich soarge foar útstel fan 'e útwreidingsplannen. Nei de oarloch waard der twifele tusken nij- of ferbou, mar yn 1952 waard dochs keazen foar de ferbou fan 'e besteande tsjerke troch't ferbou mear sitplakken opsmiet dan nijbou. By de ferbouwing waard de neogoatyske gevel ferfongen troch in gevel mei in modern oansjen.
Mei de groei fan Burgum bleau ek de gemeente groeien en yn 'e jierren 1960 riisde de fraach oft der dan dochs in folslein nije tsjerke of in twadde tsjerke oan 'e Skoalstrjitte boud wurde moast. In ûndersyk yn 1972 ûnder de leden wiisde út de mearderheid fan 'e leden foar ôfbraak fan 'e besteande tsjerke wie om op it plak ien grutte tsjerke te bouwen. In pear jier letter waard de âlde tsjerke sloopt om plak te meitsjen foar in folslein oare tsjerke.
De tsjintwurdige tsjerke
bewurkje seksjeOp 10 juny 1975 waard neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Van der Tas útein set mei de bou fan 'e nije tsjerke. Salang't de bou duorre waarden de tsjerketsjinsten yn 'e Stryp fierd. Nei jierrenlange diskusjes oer ferbou, nijbou of in twadde tsjerke waarden op 14 maart 1976 de earste tsjinsten yn 'e moderne tsjerke troch de dûmnys Bulthuis en Smilde holden.
Sûnt 2007 is de grifformearde tsjerke in PKN-tsjerke.
De tsjerke waard foar it lêst yn 2016 renovearre.
Oargel
bewurkje seksjeDe firma Reil út Heerde krige de opdracht om in nij oargel foar de nije tsjerke te bouwen. It âlde oargel wie al earder ferkocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|