De Ikkers is in eardere poldermole op oardel kilometer súdeast fan Warten yn de eardere gemeente Boarnsterhim.

De Ikkers yn 2010

De Ikkers is in spinnekopmole út de 18e iuw. De mole waard yn 1921 ferkocht troch it wetterskip De Súd-Broeksterpolder (tichtby De Jouwer) en by Sniksweach del setten om dêr in tsjasker te ferfangen. Yn 1970 waard De Ikkers, dy't doe tige ferfallen wie, opnij ferkocht. De mole, mei in flecht fan 9 meter, waard werboud op syn hjoeddeiske lokaasje tichtby de Langesleat oan de râne fan de Saiterpetten, in natuerreservaat dat diel útmakket fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen. De Ikkers stiet dêr op in plak wêr't earder ek in mole stie. Yn 1986 waard De Ikkers restaurearre. De mole hat gjin funksje mear, mar is noch wol mealree. Hy is net te besichtigjen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje