De Jellumer- en Bearsterpolder

(Trochferwiisd fan De Jellumer- en Beersterpolder)

De Jellumer- en Bearsterpolder wie in lyts wetterskip, mei in oerflakte fan 243 hektare, by de doarpen Jellum en Bears yn de gemeente Baarderadiel yn de Nederlânske provinsje Fryslân.

It wetterskip waard yn 1906 oprjochte as fuortsetting fan de partikuliere "Polder ûnder Bears en Jellum" en de iennichste reden foar de feroaring fan de status wie dat net ien fan de yngelannen him foar de wetterskipsbelesting weiwine koe, wylst dat yn in partikuliere polder wol koe.

It wetterskip waard yn 1981 opheft en gie doe oer nei wetterskip De Middelsékrite. Fan 2004 ôf oan is it gebiet diel fan Wetterskip Fryslân.