De Kempenaer
De Kempenaer is de namme fan in bekende Nederlânske famylje. De stamfaar is Jan de Kempenere,[1] fermeld yn Brussel 1422-1466. Guilliam de Kempenaer († 1611) fan Brussel, keapman yn speserijen, waard yn 1581 poarter fan Amsterdam. Ien staach fan it laach hjit Van Andringa de Kempenaer.[2] Trije leden fan dizze staach waarden mei harren wetlike neisieten yn manlike line yn 1816 en 1861 troch ferheffing ta de Nederlânske adel rekkene.
Nederlânske adel
bewurkje seksje- Yn 1816 waard Antoon Anne van Andringa de Kempenaer (1777-1825) ferheft. Syn staach is útstoarn yn 1961.[3]
- Yn 1861 waarden de healbruorren fan boppeneamde ferheft.[4] Dit wiene:
- Wilco Holdinga van Andringa de Kempenaer (1809-1873), net-troud.
- Julius Burmania van Andringa de Kempenaer (1813-1887).
Bekende leden
bewurkje seksjeGroanologyske folchoarder
- Regnerus Livius van Andringa de Kempenaer (1752-1813), grytman fan Lemsterlân 1772-1795, steatsried yn bûtengewoane tsjinst, lândrost fan Fryslân 1807-1810
- Mr. Ludovicus Timon de Kempenaer (1752-1812), foarsitter fan de nasjonale gearkomst fan de Bataafske Republyk
- Jhr. Antoon Anne van Andringa de Kempenaer (1777-1825), lid Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal 1815-†1825
- Mr. Jacob Mattheus de Kempenaer (1793-1870), jurist en politikus, ûnder mear foarsitter fan de Ministerrie
- Jhr. Mr. Onno Reint van Andringa de Kempenaer (1801-1868), grytman fan Lemsterlân 1825-1830 en Raerderhim 1830-1837
- Jhr. Tjaard Anne Marius Albert van Andringa de Kempenaer (1806-1870), grytman fan It Bildt 1834-1855, lid Earste Keamer fan de Steaten-Generaal 1850-1865
- Jhr. Wilco van Andringa de Kempenaer (1809-1873), grytman fan Lemsterlân 1836-1851
- Jhr. Julius Burmania van Andringa de Kempenaer (1813-1887), grytman fan Doanjewerstâl 1840-1847
- Jhr. Imilius Josinus Hendrik Willem van Andringa de Kempenaer (1844-1895), boargemaster fan Ferwerderadiel 1869-1879
- Jacob Mattheus de Kempenaer (1853-1900), boargemaster fan Oegstgeest en Voorhout
- Johan Jacob de Kempenaer (1871-1943), boargemaster, foar it lêst fan Zelhem
- Jhr. Willem Regnerus Livius van Andringa de Kempenaer (1878-1931), boargemaster fan Zweeloo 1909-1914, Utingeradiel 1914-1919 en Anjewier 1919-1929
- Jeanne de Kempenaer (1897-1945), earste siktaris fan it earste Louis Couperus Genoatskip
- Hermine Gerarda de Kempenaer (1903-1997), earste presidinte fan de Oarlochsgrêvestichting
Literatuer
bewurkje seksje- Lindemans, Dr. Jan, "De Kempeneer", Oude Brabantse Geslachten, 23 (Brussel 1949).
- Nederland's Patriciaat, 39 (De Haach: CBG[5] 1953), 149-163.[6]
- Nederland's Adelsboek, 86 (De Haach: CBG 1996-1997), 299-321.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|