Wilco van Andringa de Kempenaer

Jhr. Wilco van Andringa de Kempenaer (Ljouwert, 22 july 1809 - De Lemmer, 20 febrewaris 1873) wie in Frysk politikus út it laach De Kempenaer.

Wilco van Andringa wie de soan fan Regnerus Livius fan Andringa de Kempenaer. Hy wenne yn Andringastate op De Lemmer. Wilco studearre oan it Frjentsjerter Atheneum, mar beëindige syn stúdzje foar de tiid om as frijwilliger diel te nimmen oan de Tsiendeiske Fjildtocht. Oant 1834 bleau er militêr en gie doe werom nei De Lemmer. Fan 1836-1851 beklaaide hy it grytmansamt fan Lemsterlân. Lange tiid wie hy boppedat administrearjend tsjerkefoud fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke fan Jistergea. Van Andringa de Kempenaer wie net troud.

Hy wie lid fan it dyksbestjoer fan seewarrend wetterskip De Sân Gritenijen en Stêd Sleat en wie boppedat administrateur fan de Grutte Lemsterslûs. Dy funksje wie mooglik ferbûn oan it 118e grytmansamt, want syn foargongers wienen ûnder mear syn heit, syn healbroer Antoon Anne en syn sweager Willem Carel Gerard van Welderen baron Rengers. Yn dizze funksje kaam hy yn in grut konflikt mei it provinsjaal bestjoer fan Fryslân oangeande de fraach oft de provincie al as net rjochtige wie om it besit en behear fan de slûs oer te nimmen. Dy saak waard, krektas it skeel tusken Nico en alwer it provinsjaal bestjoer oer de ûnderhâldsplicht fan de Lemster Rien, útfochten oant de Hege Rie, mar beide kearen troch him ferlern.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: