De Koning (Middelburch)
De Koning is in nôtmûne oan 'e Veerseweg yn e Siuwske stêd Middelburch.
De Kening | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Seelân | |
plak | Middelburch | |
adres | Veerseweg 80 | |
koördinaten | 51° 29' N 3° 36' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 26,00/26,15 m | |
boujier | 1728 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 29611 | |
Kaart | ||
De foargonger fan 'e hjoeddeiske mûne stie eartiids oan 'e ein fan 'e Winterstraat en moast yn 1867 ôfbrutsen wurde fanwegen de oanlis fan it Kanaal troch Walcheren. De mûne ferhûze doe nei de Veerseweg, mar baarnde nei it ynslaan fan 'e bliksem yn 1882 foar it measte ôf. In diel fan 'e ûnderbou bleau bestean, mar yn stee fan it houten achtkant dat de mûne eartiids hie, krige de nije mûne in rûne boppebou.
De mûne bleau oant 1938 op wynkrêft yn bedriuw. Yn 1951 rekke de ferrinnewearre en fersakke mûne syn wjukken en stelling kwyt, mar yn 1956 folge in restauraasje mei in nije stelling en roeden dy't ôfkomstich wiene fan in oare mûne en waard de nôtmûne wer yn bedriuw nommen. Yn 1993 ferkocht de mûndersfamylje de mûne oan 'e gemeente.
De yntusken jimmeroan mear fersakke mûne waard ûnttakele, better fundearre en wer rjochtset. Dy restauraasje waard yn 1995 foltôge. Sûnt 1998 is it ryksmonumint op frijwillige basis yn bedriuw.
Sjoch ek de oare wynmûnen yn de stêd
bewurkje seksje- De Seismûne (Baarnselaan 22)
- De Hoop (Vlissingsbolwerk 2)
- Ons Genoegen (J.H. Huyssenstraat)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Monumentenregister
- (ned) feriening De Hollânske Mûne
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Hoop, Middelburch fan Wikimedia Commons. |