De Hoop (Middelburch)

De Hoop is in stellingmûne op it súdeastlike bolwurk fan it Siuwske Middelburch en is ien fan 'e fjouwer wynmûnen yn de stêd.

De Hoop
mûne / mole
lokaasje
provinsje Seelân
plak Middelburch
adres Vlissingsbolwerk 2
koördinaten 51° 29' N 3° 36' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 24,70/24,82 m
boujier 1735
werbou: 1755, 1954
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 29653
Kaart
De Hoop (Middelburch-Sintrum)
De Hoop

De mûne waard yn 1735 as in pelmûne boud. Nei in brân yn 1753 waard De Hoop yn 1755 wer opboud as nôt- en pelmûne. Nei alle gedachten foel de weropbou wat minder heech út, sadat de mûne in frijwat knobbich oansjen hat.

Oant 1920 bleau de mûne op wynkrêft yn gebrûk. Yn dat jier waard it binnenwurk weibrutsen en de mûne feroare yn in moalfabryk mei in elektromotor, dy't it wurk fan de wyn oernaam.

De mûne rekke by de bombardeminten op 'e stêd yn 1940 slim skeind. Yn 1948 krige de stêd Middelburch de mûne yn besit, dy't de mûne healwei de jierren 1950 restaurearje liet. Yn 1988 folge in grutte restauraasje en sûnt kin de mûne wer draaie, al hat de mûne fierder gjin binnenwurk.

De mûne hat in flecht fan likernôch 24,80 meter, wylst de roeden Ald-Hollânsk hekwurk besitte.

De Hoop draait regelmjittich troch de ynset fan frijwillige mounders en is yn gebrûk troch in muzykferiening. De mûne is sûnt 1966 in ryksmonumint.

Sjoch ek de oare wynmûnen yn de stêd

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Hoop, Middelburch fan Wikimedia Commons.