Ons Genoegen (Middelburch)

Ons Genoegen oan 'e J.H. Huyssenstrjitte is ien fan 'e wynmûnen fan de stêd Middelburch yn 'e provinsje Seelân. De mûne stiet oars as de oare trije mûnen net yn it histoaryske sintrum, mar súd dêrfan.

De Hoop
mûne / mole
lokaasje
provinsje Seelân
plak Middelburch
adres J.H. Huyssenstraat 4
koördinaten 51° 29' N 3° 36' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 24,70/24,82 m
boujier 1847
werbou: 1971
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 29389
Kaart
Ons Genoegen (Middelburch)
Ons Genoegen

De nôtmûne waard yn 1847 boud en bleau oan 1964 yn bedriuw. Yn dat jier feroarsake in fûle brân de ferneatiging fan it mealwurk. Yn 1956 naam de gemeente Middelburch it eigendom oer. De mûne is yn 1971 wer yn oarder makke, mar it binnenwurk waard net rekonstruearre. De mûne wurdt nei dy tiid goed ûnderholden en frijwilligers litte de mûne regelmjittich draaie.

De yn 1999 fernijde roeden fan 'e mûne binne goed 25 meter lang en hawwe Ald-Hollânsk hekwurk. Yn 2001 krige de mûne in nije stelling.

Sjoch ek de oare wynmûnen yn de stêd

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ons Genoegen, Middelburch fan Wikimedia Commons.