De Noarger Rún oan Gabe Skroar

De Noarger Rún oan Gabe Skroar is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst publisearre yn 1836, en letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma, opnommen yn 'e ferneamde samling Rimen en Teltsjes. De Noarger Rún oan Gabe Skroar is in fermaaklik en by fleagen absurdistysk ferhaal dat de foarm hat fan in brief út it hjirneimels, dy't Gabe Skroar ûntfongen hat fan syn deade hynder, de Noarger rún.

De Noarger Rún oan Gabe Skroar
algemiene gegevens
auteur Eeltsje Hiddes Halbertsma
taal Frysk
foarm koart ferhaal
1e publikaasje 1836, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
bondel Rimen en Teltsjes (sûnt 1871)

Yn in byfoege en yn it ik-perspektyf skreaun wurd foarôf fertelt Eeltsje Halbertsma dat de folgjende tekst in brief is dat er mank de besittings fan 'e ferstoarne Gabe Skroar oantroffen hat, foar wa't er 'kurator' (eksekuteur-testamintêr) is. Wat dan folget, is ek yn it ik-perspektyf steld, mar de skriuwer is de Noarger rún, dy't nei syn dea yn it hjirneimels op 'e moanne bedarre is. Dêr is er yn in hjitte-luchtballon hinne brocht troch de Ingelsen (dy't wol witte "dat se de iene dei of d' oare fan Noard-Amearika fergriemd wurde, en om't it dan dochs mei har nei de moanne giet, meitsje se mar yntiids dat se dêr kunde hawwe"). Dyselden hawwe ek it brief foar Gabe mei werom nommen.

Yn it brief docht de Noarger rún syn libbensferhaal, begjinnend doe't er noch in jong fôltsje wie yn it Drintske fean by Peize. Hy wie lykwols sa'n alderbêst hynder dat er oant yn Amsterdam by alle hynstekeaplju oer de tonge gie, en úteinlik waard er op 'e feemerk fan Noarch ferkocht oan Gabe syn heit, út it Fryske Grou. Doe't de rún de hurddraverij te Wytmarsum wûn, waard er lykwols trochferkocht oan in hear Flessinga, dy't sljocht wie fan hurddravers. Fjouwer jier letter, doe't er oer syn hichtepunt hinne wie, waard er eigendom fan in Von Steinach út Utert, in ferearmoede ealman dy't ferlet hie fan in fluch hynder om eltse dei wer oan syn skuldeaskers ûntkomme te kinnen.

Nei't er kreupel rekke wie, waard de Noarger rún weromferkocht nei Fryslân, dêr't er fiif noflike jierren as molehynder op in einekoai tsjinne. Doe't er it ek noch oan 'e luchtwegen krige, waard er ferkocht oan in glêde tsiiskeapman út Kollumersweach dy't him noch in simmer foar de tsiiswein yn Grinslân hie. Hy kaam efter de wein werom op 'e Sweach, mei't er it amper mear op 'e fuotten hâlde koe. De keapman besleat him te slachtsjen, mar ear't dat plan útfierd wurde koe, stoar de Noarger rún nachts op stâl. Neitiid libbe er troch reynkarnaasje noch as ferskate oare bisten, oant er úteinlik nei it hjirneimels op 'e moanne rekke, dêr't er minister fan Finânsjes waard. Dêr wied er einlings goed teplak, want "Ik nim de minsken it jild hjir flitich ôf, en ik jou it jitte flitiger wer út."

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: