De Sint-Joazeftsjerke, yn 'e folksmûle better bekend as De Papegaai, is in roomsk tsjerkegebou oan 'e Amsterdamske Kalverstraat 58. De tsjerke falt ûnder de Sint-Nikolaasparochy yn Amsterdam-Sintrum. De Papegaai is de grutste Amsterdamske skûltsjerke dy't ek no noch brûkt wurdt. Mei de tekst In kwartier voor God noeget de Papegaai it winkeljende publyk út om eefkes út 'e drokte yn ' tsjerke út te pûsten.

Sint-Joazeftsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Amsterdam
adres Keallestrjitte 58
koördinaten 52° 22'N 4° 53'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Haarlim-Amsterdam
patroanhillige Joazef fan Nazareth
Arsjitektuer
arsjitekt G. Moele
boujier 1848
boustyl Neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 2147
Webside
Sint-Nikolaasparochy
Kaart
De Papegaai (Amsterdam-Binnenstêd)
De Papegaai

Skiednis bewurkje seksje

Nei de reformaasje bleaune in soad Amsterdammers trou oan it katolisisme en sa ûnstiene yn 'e rin fan 'e 17e iuw tsientallen skûltsjerken yn 'e stêd. Om 1650 hinne waard yn 'e tún fan 'e rike fûgelhandler Bout oan de Kalverstraat in 'paapske' skûltsjerke boud. De staasje waard yn 1672 stifte en de earste pastoar wie Willem Willemart, dy't earder wurke yn 'e staasje 'De Duif'. De pastoar ferhûze yn 1681 nei de Keallestrjitte en alhoewol't gevel in kompas as ferwizing nei de eigner Willem Compas oan 'e gevel hie, joech er oan 'e skûltsjerke de namme 'De Papegaai'.

 
Ynterieur.

Mei de feroarings yn 'e 19e iuw waard it foar katoliken wer mooglik om echte tsjerken te bouwen. Yn Amsterdam waarden oeral nije neogoatyske tsjerken boud en de measte skûltsjerken binne doe opheft, mar De Papegaai bleau yn gebrûk. Yn 'e jierren 1848-1849 waard efter de âlde skûltsjerke neffens it plan fan Gerrit Moele jr. in grutte, neogoatyske tsjerke boud.

Om de tsjerke grutter te meitsjen waard yn de rest fan it wenhûs mei dêryn de eardere skûltsjerke ôfbrutsen, sadat de tsjerke de foargevel oan 'e Keallestrjitte krige. It smelle tagongsportaal bestiet boppe de draaidoar hast hielendal út in grut spitsbôgefinster. Oan 'e iene kant fan it portaal is in byld fan in pappegaai en oan 'e oare kant in byld fan Sint-Joazef yn in nis set. Yn 1908 waard de tsjerke oan 'e westlike kant langer makke mei in preesterkoer, sydkapellen en in dwersskip.

Beskriuwing bewurkje seksje

Efter de smelle tagong oan 'e Keallestrjitte giet in romme trijeskippige basilyk skûl. Op de tsjerke stiet in houten dakruter (te sjen fanôf de Nieuwezijds Voorburgwal, dêr't ek de pastorij op nû. 293 stiet), dy't ôfkomstich is fan it yn 1908 ôfbrutsen Hillige Stee (de Nieuwezijds Kapel).

It portaal is fersierd mei mozaïken fan Antoon Molkenboer. De neogoatyske ynrjochting bleau bewarre en it heechalter, de preekstoel en de krúswei datearje fan 'e boutiid fan 'e tsjerke. Boppe de galerij binne yn 1933 twa brânskildere ramen tafoege út de yn 1939 ôfbrutsen Sint-Katarinatsjerke, dy't oan it Singel 425 stie.

Oargel bewurkje seksje

It oargel waard yn 1930 troch Pels as opus 76 boud. Feroaringen fûnen plak yn 1945 en 1959. It oargel krige doe in nije spyltafel en de disposysje waard oanpast. De traktuer is elektro-pneumatysk.

Patroanhilligen bewurkje seksje

Doe't yn 1853 yn Nederlân de biskoplike hierargy wer ynsteld waard, krige de Papegaai de funksje fan bytsjerke fan 'e Frânske tsjerke oan 'e Nieuwezijds Voorburgwal. De Frânske tsjerke wie wijd oan 'e apostels Petrus en Paulus, wylst De Papegaai Sint-Joazef as tsjerkepatroan hie. Mei't de Frânske tsjerke yn 1911 sletten waard, naam De Papegaai de patroanen Petrus en Paulus oer. Sûnt hjitte de Papegaai offisjeel de Petrus en Paulustsjerke, mar op 8 desimber 2021 waard troch de biskop fan Haarlim-Amsterdam de tsjerke wer wijd oan Joazef fan Nazareth.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:De Papegaai