It Hillige Stee
De Kapel It Hillige Stee wie oant de ynfiering fan 'e reformaasje yn Amsterdam in beafeartsplak dêr't tûzenen pylgers hinne gyngen om it hostywûnder fan Amsterdam te betinken. Ien fan dy pylgers wie Maksimiliaan fan Eastenryk, de lettere keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Mei de reformaasje kaam der hommels in ein oan 'e beafeart en waard it tsjerkegebou oan 'e oanhingers fan 'e nije leare oerdroegen, dy't alle roomske oantinkens ferwiderje lieten.
It Hillige Stee | ||
Lokaasje | ||
plak | Amsterdam | |
adres | Enge Kapelsteeg | |
koördinaten | 52° 22' N 4° 53' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
sloopjier | 1908 | |
boustyl | Gotyk | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe goatyske kapel waard op it plak boud, dêr't yn 1345 it hostymirakel belibbe waard. De kapel waard yn 'e 14e en 15e iuw it sintrum fan in grutte beafeart. By de grutte stedsbrannen fan 1421 en 1452 baarnden ek de doe besteande kapellen foar in part út, mar de dêr fereare monstrâns mei de hosty bleaune sparre. De kapel waard wer opboud en alle jierren fûnen der yn Amsterdam grutte sakramintsprosesjes plak mei in ôfslutende heechmisse.
Rike pylgers skonken by sa'n beafeart somtiden weardefolle saken en sa boude de kapel in grutte kolleksje fan weardefolle saken op. By de byldestoarm yn 1566 koe in tal froulju de kapel noch beskermje, mar nei de Alteraasje fan 1578 slagge dat net mear en waard it tige rike ynterieur fan 'e kapel stikken slein. Ek it doel fan 'n pylgers, de relikwy, rekke ferlern of waard ferneatige en tenei lei it near op 'e prosesjes. Nei de ûntwijing fan 'e kapel waard it gebou ynearsten as hynstestâl en foarriedskuorre yn gebrûk nommen, mar yn 'e rin fan 'e tiid waard it gebou as herfoarme tsjerke brûkt en krige de it de namme Nieuwezijds Kapel. Ek de hillige hurd, dêr't it hostywûnder plakfûn hie waard ferneatige. Sûnt likernôch healwei de 17e iuw brûkten de katoliken de skûltsjerke fan it Begynhôf as Mirakeltsjerke .
Yn 1881 ûntdutsen de katolike Amsterdammers Joseph Lousbergh en Carel Elsenburg in dokumint fan 1651 mei in beskriuwing fan 'e oarspronklike prosesjerûte. Besletten waard doe om de prosesje op 'e nij te organisearjen en dêrmei ûntstie de Stille Omgong, in stille tocht om 't it prosesjeferbod noch altiten fan krêft wie.
Tsjin it ein fan 'e 19e iuw wie de kapel brekfallich woarn. Op ien nei stienen alle pylders út it lead en de tsjerke waard sluten. Febrewaris 1899 foel it beslút fan 'e herfoarme tsjerkeried om it gebou ôf te brekken. In lange striid folge tusken de Herfoarme Gemeente fan Amsterdam oan 'e iene kant en histoarisy, de gemeente Amsterdam en katoliken oan 'e oare kant. De kapel wie sûnt 1881 foar katoliken wer it sintrum fan 'e Stille Omgong, dat ta grutte argewaasje fan 'e herfoarmen. De gemeente Amsterdam besocht oer it rjocht de ôfbraak tefoarren te kommen troch der op te wizen dat sûnt de reformaasje eins de gemeente eigner wie fan 'e kapel, mar krige it gelyk net oan syn kant. Lang om let besochten katoliken it gebou foar 1 miljoen gûne oer te nimmen fan 'e Herfoarme Gemeente, mar yn dy tiid libben de antykatolike gefoelens noch sterk by de herfoarmen en yn 'e simmer fan 1908 waard in begjin makke mei de folsleine ôfbraak fan 'e kapel.[1]
Oargel
bewurkje seksjeOan de noardlike muorre hie de tsjerke in goatysk swellenêstoargel, dat yn 1525 troch Jan van Covelen boud wie. Levinus Eekman fergrutte it ynstrumint en de lûken fan it oargel waarden doe beskildere troch David Colijns (1582-± 1668) mei foarstellings fan David mei de kop fan Goliath (lofts) en David dy't de spear nei Saul smiet (rjochts). Yn 1871 fernijde Petrus van Oeckelen it oargel.
De Sint-Nikolaastsjerke fan Jutphaas kaam yn it besit fan 'e 16e-iuwske oargelkas en liet der in oargel fan Michaël Maarschalkerweerd yn bouwe. De lûken binne yn 1875 yn 'e kolleksje fan it Utrechtske Museum telâne kommen.
Bouwfragminten
bewurkje seksjeDe âlde tagongspoarte fan 'e kapel út de 16e iuw is te finen yn 'e Enge Kapelsteeg, Wijde Kapelsteeg. Op it dak fan 'e skûltsjerke De Papegaai yn 'e Kalverstraat waard de dakruter set.
De arsjitekt Pierre Cuypers ferhûze in tal pylders en oare boufragminten nei de tún fan it Ryksmuseum Amsterdam. Foar de útwreiding fan it museum moasten se earne oars opslein wurde en sa belânen se op ferskillende adressen en yn 1988 binne dielen ferkocht as dekoraasjeeleminten. Mar in pear boufragminten binne doe rêden en sûnt 1988 stiet op it Rokin de Mirakelkolom, dy't fan in pear ferskillende boufragminten gearstald waard.
De 20e-iuwske kapel
bewurkje seksjeOp it plak fan It Hillige Stee waard yn 1912 neffens in ûntwerp fan Christiaan Posthumus Meyjes sr. in lytsere kapel foar de Herfoarme Gemeente boud. De rest fan de lokaasje waard opfolle mei winkels. Yn it begjin fan 'e jierren 1970 rekke de kapel bûten gebrûk en dêrnei wie de kapel noch in skoft as Turkske Moskee yn gebrûk. Nei't de Turkske moslims de katolike Sint-Ignatiustsjerke oan 'e Rozengracht oernamen, waard de kapel in útstallingsromte. Yn 2005 waard yn it lege gebou argeologysk ûndersyk dien en dêrnei waard de kapel yn gebrûk nommen troch The Amsterdam Dungeon. Oan 'e bûtenkant fan de kapel is net in soad feroare.
Publikaasje(s)
bewurkje seksje- Charles Caspers en Peter Jan Margry Het Mirakel van Amsterdam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Heilige Stede
|