De Pearel, yn it oarspronklike Ingelsk: The Pearl, is in novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer en Nobelpriiswinner John Steinbeck (1902-1968). It ferhellet oer in earme man dy't in kostbere pearel opdûkt, mar mear kwea as goed fan it ding ûnderfynt. Foar The Pearl liet Steinbeck him ynspirearje troch in Meksikaansk folksferhaal dat er yn 1940 heard hie en yn La Paz, yn 'e (Meksikaanske) steat Súd-Nederkalifornje, in gebiet dat foarhinne bekend stie om syn rykdom oan pearels. De novelle waard foar it earst publisearre yn 1945, en yn 1947 (mei meiwurking fan Steinbeck) adaptearre ta in Meksikaanske film mei as titel La Perla. It is ien fan Steinbeck syn populêrste boeken, en hoewol't it net spesifyk foar tiners skreaun is, is it rûnom op middelbere skoallen brûkt. De Fryske oersetting, fan Ida Bouwhuis-Minnema, ferskynde yn 1988.

De Pearel
algemiene gegevens
oarspr. titel The Pearl
auteur John Steinbeck
taal Ingelsk
foarm novelle
1e publikaasje 1945
oarspr. útjwr. Viking Press
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Pearel
publikaasje 1988, Ljouwert
útjouwer Afûk
oersetter Ida Bouwhuis-Minnema
ISBN oers. 9 06 27 34 057

Kino is in peareldûker, dy't tegearre mei syn frou Juana en syn jonge soan Coyotito yn in Meksikaansk kustdoarpke wennet. As Coyotito op in kear stutsen wurd troch in skorpioen, wegeret de dokter yn it doarp om 'e jonge te behanneljen, mei't Kino gjin jild hat om him te beteljen. Kino rekket alhiel breinroer, mar der is neat dat er der oan dwaan kin. Koarte tiid letter dûkt Kino lykwols in ûnbidich grutte pearel op, en hy risselwearret om dy te ferkeapjen en mei it jild dat er dêrfoar kriget de dokter te beteljen, sadat Coyotito einlings en te'n lêsten medyske oandacht hawwe sil. Hy makket lykwols de flater om 'e pearel oan ferskate lju sjen te litten, want in elk dy't him sjocht, begjint him te begearjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dyselde nachts noch wurdt Kino yn eigen hûs oanfallen, mar hy wit de ynbrekker te ferdriuwen. Troch dit ynsidint wurdt er wisberet om 'e pearel sa gau mooglik oan jild te meitsjen, en daliks de oare moarns set er nei ferskate keapers ta. Mar de deune pearelkeapers hawwe ûnderwilens mei-inoar ôfsprutsen dat se net betelje sille wat Kino foar de pearel freget. Sadwaande beslút er om oer de bergen nei de haadstêd te reizgjen, om te sjen oft er dêr in bettere priis krije kin.

 
John Steinbeck (1962).

Underwilens hat Juana besletten dat de pearel inkeld kwea en gjirrigens bringt, dat hja glûpt te neare nacht it hûs út om it ding wer yn see te smiten. Ear't se dat lykwols dwaan kin, komt Kino har oer it mad. Hy is sa nidich as in spinne, slacht har del en lit har op it strân efter. Underweis nei hûs wurdt er oanfallen troch in ûnbekende, dy't er delstekt en deadet. Hy skrikt him in ûngelok as er neitiid de pearel kwyt is, mar Juana blykt it ding werompakt te hawwen. As se neitiid wer nei it doarp ta geane, ûntdekke se dat yn 'e tuskentiid harren hûs yn 'e brân stutsen is.

Se ûntkomme mei Coyotito út it doarp en skûlje de rest fan 'e dei by Kino syn broer Juan Tomás en de frou. Kino is noch altiten fêst fan doel om mei de pearel nei de haadstêd ta, dat hy bringt de dei troch mei tariedings te treffen foar de reis. As it tsjuster wurden is, sette hy, Juana en Coyotito trijeresom ôf. Tsjin 'e moarn begjinne se oan 'e beklimming fan 'e bergen, en dan wurdt Kino gewaar dat se folge wurde troch in groepke manlju. Se fine in grot deunby in natuerlike welle, dêr't se har deawurch ferskûlje foar harren efterfolgers.

As dy harren syktocht net opjouwe, beseft Kino dat er harren allegear deadwaan moatte sil as hy en syn gesin de reis nei de haadstêd oerlibje wolle. Wylst er harren beslûpt, klinkt der in gegûl as fan in poppe, mar de efterfolgers beslute dat it in coyote wêze moat, en ien fan 'e manlju fjurret syn gewear ôf yn 'e rjochting dêr't it lûd wei kaam, deselde rjochting dêr't Kino syn gesin op in sideplak brocht hat. Mei in krêft dy't út wanhope berne is, bringt Kino de manlju allegear om, mar as er werom giet nei de grot, docht bliken dat Coyotito deasketten is.

Kino en Juana bliuwe de nacht oer yn 'e grot, mar as it wer ljocht wurdt, geane se werom nei it doarp, dêrby it stoflik omskot fan harren jonkje yn in tekken meidragend. Mei't er de pearel no net mear hawwe wol, smyt Kino it ûnding werom yn 'e see.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

The Pearl waard yn 1988 ûnder de titel De Pearel yn it Frysk oerset troch Ida Bouwhuis-Minnema, dy't ek ferantwurdlik wie foar de ferfrysking fan 'e novelle The Snow Goose, fan Paul Gallico. De fertaling fan The Pearl waard útbrocht troch de Afûk, te Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Steinbeck, John, De Pearel (oers. Ida Bouwhuis-Minnema), Ljouwert, 1988 (Afûk), ISBN 9 06 27 34 057.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.