De Stopnulle, yn it oarspronklike Deensk: Stoppenålen, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1847, as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr: Andet Bind: Første Samling ("Nije Mearkes: Oarde Bân: Earste Samling"), yn 'e mande mei fjouwer oare mearkes (De Alde Strjitlantearne, De Buorgesinnen, Lytse Tuk en It Skaad). De Stopnulle is in grappich teltsje dat net ien fan Andersen syn bekendste mearkes is, mar dat yn 1943 dochs troch Douwe Tamminga oerset waard yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

De Stopnulle
algemiene gegevens
oarspr. titel Stoppenålen
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1847, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel Nye Eventyr: Andet Bind:
   Første Samling
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Stopnulle
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

It mearke giet oer in stopnulle dy't sa fyn is, dat se fan harsels mient dat se in naainulle is. As de kokenfaam der in gat yn har âld toffel mei stopje wol, brekt it eachje fan 'e stopnulle, dat dan dript de faam der mar wat lak op en stekt de nulle dan op 'e strûper. De stopnulle is dêr o sa wiis mei, want no is se in doekspjelde wurden. Mar se is sa fyn dat se fan 'e strûper yn it skûtelwetter falt, dat de kokenfaam krekt op dat stuit fuortrinne lit.

De stopnulle komt op 'e boaiem fan 'e strjitgoate telâne, dêr't se lizzen bliuwt wylst alderlei rommel oer har hinne driuwt, sadat se noch wizer mei harsels wurdt as dat se al wie. In glêsskerf komt in hoartsje njonken har te rêsten. Hja sjocht it ding oan foar in diamant en stelt harsels foar as in doekspjelde, wat in alderapartst petear opsmyt. Mar úteinlik rekket de lak los en wurdt de nulle swart; dêr is se lykwols net minder wiis mei, want swart makket slank.

Se wurdt fûn troch in pear jonkjes dy't yn 'e goate omboartsje en dy stekke har rjochtop yn in heale aaisdop en litte har sa de goate deldriuwe. Lokkigernôch wurdt se net seesyk, want se hat in stielene mage. Dan strânet de dop en riidt der in ladene wein oerhinne. De stopnulle wurdt yn 't lang tusken de strjitstiennen drukt en as nimmen har neitiid fûn hat, leit se dêr miskien noch wol.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.